Springe nei ynhâld

Greefskip Loan

Ut Wikipedy
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It Greefskip Loan om 1350 hinne
Wapen fan de greven fan Loan

It Greefskip Loan wie in âld greefskip yn in gebiet dat likernôch oerienkaam mei it hjoeddeiske Belgysk Limboarch, hoewol’t Diepenbeek, Alken, Sint-Truiden en Tongeren enklaves fan it Prinsbisdom Luik wienen, Thorn en Rekem rjochtstreeks fan de Dútske keizer wienen en Lommel besit wie fan de hartoch fan Brabân. Oarspronklik wie it greefskip wierskynlik net grutter as it gebiet tusken Maas en Jeker en wie doe in lien fan it Greefskip Haspinga. Rummen hat ek by dit greefskip heard oant it yn 1240 ferkocht waard oan Willem fan Montferrant. De greven wisten harren gebieten troch oarloggen, bûnsgenoatskippen en houlikspolityk út te wreidzjen.

Stêden fan it greefskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In ferneamde Loanske hofdichter wie Hindrik fan Feldeke, dy’t yn Spalbeek by Hasselt yn de 12 iuw berne waard.

Skiednis foar de anneksaasje troch it Prinsbisdom Luik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan de skiednis fan dit greefskip binne net folle boarnen. Yn it algemien wurdt oannommen dat it greefskip Loan yn 1040 in lien fan it Prinsbisdom Luik waard op it momint dat it greefskip Haspinga, wêrfan it op syn bar in lien fan wie, oan biskop Nithard fan Luik ôfstien waard. Der is gjin bewiis dat it greefskip al foar 1031 bestie.

Ien greve fan Haspinga wie Arnold, in broer fan Giselbert fan Loan, de earste greve fan Loan. De lienrjochterlike bân tusken harren ûntstie by de regeling fan de erfopfolging troch harren heit Rudolf. Arnold en Giselbert hienen in broer, biskop Balderik fan Luik, dy’t mooglik in rol spile hat by de ôfstân fan Haspinga oan Luik.

De greve besiet ek gebieten yn Waalsk Haspengou op de rjochter ouwer fan de Maas. Foar de rjochtspraak wie hy in fazal fan de Dútske keizer fan it Hillige Roomske Ryk.

Borgloon wie de earste haadstêd fan it greefskip, letter naam Hasselt dit oer. In soad Limboargers nimme Borgloon yn harren dialekt noch altyd ‘Loan’. Loan hat nea diel útmakke fan it Spaanske- of Eastenrykske Nederlân en hat dêrtroch in hiele eigen skiednis.

Nei it sûnder bern ferstjerren fan greve Loadewyk IV yn 1336 easke syn neef, Durk fan Heinsberch de titel op. Pas yn 1346 gie de Prinsbiskop mei dizze frjemde machtswiksel akkoard. Doe’t Durk ek sûnder bern stoar en syn neef, Godfried fan Dalembroek de titel opeaske, wie de maat foar Luik fol en waard it greefskip nei in lange striid yn 1336 anneksearre.

Skiednis nei de anneksaasje troch it Prinsbisdom Luik

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De prinsbiskop, dy’t no ek de titel greve fan Loan fierde, wie wol sa wiis dat hy de besteande rjochts- en steatsstrukturen behâlde. It greefskip Loon hâlde sa in soad autonomy. Yn 1522 waard dat noch in kear befêstige. Sa koe de prinsbiskop net samar belesting ynje of ferheegje, en hy moast by syn oantreden de âlde privileezjes fan Loan erkenne.

In bewiis fan de spannende situaasje dy’t der wie tusken it greefskip en it prinsbisdom bewiist de arrestaasje fan de Hasselter greve De Geloes. Hy waard yn 1675 beskuldige fan ferrie tsjin it prinsbisdom. Hy hat acht moannen opsluten sitten yn it kastiel fan Stokkem. Hy hat nea bekend.

De situaasje bleau sa oant yn 1794 it Prinsbisdom en har eardere greefskip Loan troch Frankryk anneksearre waard. It wurd in diel fan it departemint Nedermaas mei Maastricht as haadstêd. Belgysk Limboarch en Limboarch waarden feriene.

Yn 1830 by de Belgyske ûnôfhinklikheid is Loan ferjitten. It krige de provinsje Limburch mei haadplak Hasselt.

It drossaartskip yn it greefskip Loan

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loan wie ûnderferdield yn seis amten of drossaartskippen: Hasselt, Bilzen, Stokkem, Montenaken, Horne en Pelt-Grevenbroeck. Oan it haad fan elk ambt stie in Drossaard dy’t yn oare streken Baljuw of Seneschak neamd waard. Hy wie troch syn hear belêste mei de oarder, it opspoaren en it terjochtstellen fan misdiedigers. It wienen faak eallju.

It amt Stokkem hie greve de Geloes as Drosaard mei, fan 1790 ôf, Jan Matthijs Klercks as luitenant. Klercks hie in stevige reputaasje, hy slagge deryn de binde fan de Bokkeriders op te pakken.

  • J. Baerten, Het Graafschap Loon. Assen: Van Gorcum, 1969.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]