Friezendroapen
It Friezendroapen (Dútsk: Friesen-Droapen) is in twa- of trijedeisk Frysk kultureel festival. It festival wurdt alle trije jierren op it Hilgelân holden en lûkt alle kearen wer tûzenen minsken nei it eilân. Troch it meielkoar oparbeidzjen fan de Fryske Rie, de gemeente Helgolân en de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein wurdt it feest mei mooglik makke. It Friezendroapen hie oant 1998 de namme ‘Sternfahrt der Friesen’.
It festival moat in yndruk jaan fan de Fryske poadiumkultuer tusken de Iselmar en de Dútsk-Deenske grins. De bydragen komme út Noard-, East- en Westerlauwersk Fryslân. Fêste ûnderdielen fan It Friezendroapen binne it folksdûnsjen yn tradisjonele klaaiïng, de optredens yn de Nordseehalle en de Ynterfryske tsjerketsjinst op de lêste dei.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webside fan de Ynterfryske Rie
- Friezen op Helgolân, in dokumintêre fan Omrop Fryslân oer it Hilgelân en it Friezendroapen