Premio Ignotus
Premio Ignotus | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Spaansk | |
útrikt foar | science fiction-, fantasy en horrorliteratuer | |
útrikt troch | AEFCFT | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | neijier | |
plak | [ferskilt per jier] | |
1e útrikking | 1991 | |
offisjele webside | ||
www.aefcft.com |
De Premio Ignotus is in Spaanske literatuerpriis dy't elts jier útrikt wurdt foar de bêste wurken op it mêd fan science fiction, fantasy en horror fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch de Asociación Española de Fantasía, Cienca Ficción y Terror ("Spaanske Fantasy-, Science Fiction- en Horrorferiening", AEFCFT).
De Premio Ignotus waard foar it earst útrikt yn 1991, en de útrikkingsseremoanje makket ûnderdiel út fan 'e Spaanske nasjonale science fiction- en fantasykonvinsje Hispacon. De winners wurde fêststeld op grûn fan in stimming ûnder de leden fan Hispacon. Der binne ferskate kategoryen, wêrfan't dy foar bêste roman it meast prestizjeus is. Der bestiet ek in kategory bêste bûtenlânske roman, dy't û.m. ferskate kearen wûn is troch sawol Kim Stanley Robinson as George R.R. Martin.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |