Bram Stoker Award
Bram Stoker Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | "dûnkere fantasy" en horrorliteratuer | |
útrikt troch | Horror Writers Association | |
frekwinsje | 1x jiers | |
1e útrikking | 1987 | |
offisjele webside | ||
horror.org/awards/stokers |
De Bram Stoker Awards binne in groep Amerikaanske prizen dy't elts jier útrikt wurde foar de bêste wurken op it mêd fan "dûnkere fantasy" en horror fan it foargeande jier. De tawizing en útrikking wurdt fersoarge troch de Horror Writers Association ("Feriening fan Horrorskriuwers", HWA). De Bram Stoker Awards, dy't ferneamd binne nei Bram Stoker, de skriuwer fan Dracula, waarden foar it earst útrikt yn 1987.
Oprjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ferskate leden fan 'e HWA, wêrûnder de bekende skriuwer Dean Koontz, wiene yn 't earstoan ûnwillich om yn te stimmen mei de oprjochting fan 'e priis, om't se bang wiene dat soks liede soe ta fûleindige konkurrinsje ynstee fan 'e freonlike bewûndering fan inoars wurken, dy't ien fan 'e hoekstiennen fan 'e HWA wie. De organisaasje die dêrom alle war om kompetative aspekten bûten de tawizing fan 'e prizen te hâlden, en sei ta om spesifyk nije en ûnderwurdearre skriuwers útsykje te sillen. Offisjeel wurde de prizen dan ek net útrikt oan 'e "bêste dit of dat fan it jier", mar foar "superieure prestaasjes", wat faker dielde earste plakken opsmyt. Lykwols hawwe ek grutte nammen as Neil Gaiman, Stephen King en George R.R. Martin alris in Bram Stoker Award wûn.
Kategoryen en fêststelling fan de winners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle leden fan 'e HWA kinne wurken foar de prizen oandrage, en oare nominaasjes wurde gearstald troch in offisjele sjuery. De winners wurde dêrút útkeazen troch in stimming ûnder alle aktive leden fan 'e HWA. De Bram Stoker Awars wurde sûnt 2011 útrikt yn tolve ûnderskate kategoryen, foar in superieure prestaasjes op 'e folgjende mêden:
- roman (sûnt 1987)
- earste roman (sûnt 1987)
- roman foar jongfolwoeksenen (sûnt 2011)
- graphic novel (sûnt 2011)
- lange fiksje (sûnt 1998)
- koarte fiksje (sûnt 1998)
- fiksjesamling (sûnt 1998)
- fiksjesamling fan ferskate auteurs (sûnt 1998)
- senario (1998-2004 en wer sûnt 2011)
- non-fiksje (sûnt 1987)
- dichtbondel (sûnt 2000)
- hiele oeuvre (Lifetime Achievement; sûnt 1987)
Ophefte kategoryen binne:
- koart ferhaal (1987-1997)
- koarte novelle (1987-1997)
- samling (fiksje of non-fiksje) (1987-1997)
- yllústrearre ferhaal (1998-2004)
- wurk foar jonge lêzers (1998-2004)
- alternative foarmen (2001-2004)
- oare media (1993, 1998-2000)
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |