Regel fan Benediktus
De Regel fan Benediktus (Latyn: Regula Benedicti) is de kleasterregel fan de hillige Benediktus fan Nursia út de sechsde iuw. It wie yn de Midsiuwen de ferneamdste regel fan it libjen foar muontsen. Benammen de benediktinen, sistersjinzers, mei de trappisten ynbegrepen, folgen de Regel fan Benediktus.
Doel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benediktus woe mei syn regel stipe jaan oan dyjingen dêr't in kleasterregel fan bygelyks Basilius de Grutte te strang wie. Hy beskriuwt syn regel as in paadwizer foar begjinners. Hy skreau de tekst ynearsten foar muontsen fan de Abdij fan Monte Cassino.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Regel fan Benediktus bestiet út in prolooch en 73 haadstikken. De haadstikken 1-3 lizze it grûnwurk foar it libben yn in kleaster, yn it foarste plak de hearrigens yn de sin fan it goede en opmerksum harkjen. Yn de haadstikken 4-7 besprekt Benediktus de deugden dêr't muontsen harren oan te foldwaan hiene, benammen hearrigens, earmoede en keinens. Yn harren kleastergeloften ûnthjitte leauwigen harren trou oan dy deugden. Dêrnei komme yn de haadstikken 8 oant en mei 20 foarskriften foar de liturgy, it opus Dei, "it oan God haachlike wurk" oan de oarder.
De term opus Dei is ek de namme fan de hjoeddeiske tsjerklike ynstelling Opus Dei, dêrfan't de leden gjin kleasterlibben liede. It bestraffen fan it oertrêdzjen fan de foarskriften foarmet de ynhâld fan de haadstikken 21 oant en mei 30. Dêrnei besprekt Benediktus yn de haadstikken 31-57 praktyske saken lykas it behear fan de kleaster, taken fan de muontsen, de soarch foar de muontsen en foar harren gasten. Yn de haadstikken 58 oant en mei 66 komt it opnimmen en de posysje fan de novisen, de oarder yn de kleastermienskip en de kar foar abt en prior oan de oarder. Yn de haadstikken 67 oant en mei 72 wurdt de omgong fan muontsen ûnder inoar besprutsen. It lêste haadstik is in epilooch.
It trochwurkjen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benediktus bewurke in earder anonime Regula Magistri. Syn oanpassen ljochtsje út troch myldens. Benediktus lei yn syn regel fêst fan in libben yn lykwicht wijd oan bidde, wurkje en rêste. De regel jout in dúdlike yndieling fan de dei oan dêr't dwaan en besleur (ora et labora, "bidde en wurkje") inoar ôfwikselje. Utsein in dokumint dat it deistige libben en it geastlike kleasterlibben fierwei beynfloede hie, is de regel ek gaadlik fanwege de juridyske aard dêrfan. De beskriuwing fan Benediktus syn libben en benammen syn wurk as geastlik lieder fan syn kleastermienskip yn de Dialogen fan paus Gregoarius de Grutte makken in soad nijsgjirrich. Oan 'e ein fan de sânde iuw berykt de regel Ingelân en Ierlân. Fan dêrwei waard de regel oer gâns Jeropa ferspraat. Karel de Grutte oardere dat de Regel fan Benediktus de iennige kleasterregel yn syn ryk. Ien fan de âldste hânskriften fan de regel is yn de Abdij fan Sint-Gallen.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- ferwizing nei Regel fan Benediktus yn Latyn en oare oersettings
- (lat) Regel fan Benediktus
- (lat) (dú) Regel fan Benediktus
- (ned) Regel fan Benediktus
- (lat) Libbensbeskriuwing oer Benediktus fan Nursia
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:Regula Benedicti |