Luzon
Luzon is it grutste eilân fan de Filipinen. It eilân is 104.688 km² grut en beslacht sawat 35 % fan it lânoerflak fan de Filipynske arsjipel. Op it eilân wennet ûngefear de helte fan de hiele befolking op de Filipinen.
Manilla, haadstêd en regearingssit fan de Filipinen, leit sintraal op it eilân yn in tichtbefolke gebiet dat Metro Manilla neamd wurdt. Manilla is tegearre mei Vigan City yn it noarden fan Luzon ien fan de trije stêden dy't de Spanjerts yn de 16e iuw op it eilân stifte hawwe. It histoarysk sintrum fan Vigan is yn 1999 op de Wrâlderfgoedlist kaam.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lânskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De grutste mar fan de Filipinen, Laguna de Bay en de langste rivier fan it lân, de Cagayan lizze op it eilân Luzon. Ek aktive fulkanen lykas de Pinatubo, Mount Taal en de Mayon komme foar op Luzon. Yn it berchige noarden lizze de wrâldferneamde rysterrassen fan Banaue dy't ek op de wrâlderfgoedlist steane. De heechste berch fan Luzon is Mount Pulag, mei 2922 meter is dy krekt wat leger as de heechste berch fan de Filipinen, Mount Apo. Neist bergen komme op it eilân lykwols ek grutte flakten foar, dêr't in protte lânbouprodukten fan weikomme.
Bestjoerlike yndieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It eilân is opdield yn 7 regio's en 30 provinsjes:
|
|
|
Fan de provinsjes Albay, Batangas, Cagayan, Camarines Norte, Camarines Sur, Cavite, Pangasinan, Quezon en Zambales binne der parten dy't net op it eilân lizze.