Fredericton (Nij-Breunswyk)
Appearance
Fredericton | ||
Sintrum mei stedhûs | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kanada | |
Provinsje | Nij-Breunswyk | |
County | York Sunbury | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 50.535 (2006) | |
Oerflak | 130,68 km² | |
Befolkingsticht. | 386,7 / km² | |
Stêdekloft | 85.688 | |
Hichte | 20 m | |
Oar | ||
Stifting | 1785 | |
Tiidsône | AST (UTC-4) | |
Simmertiid | (UTC-3) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
http://www.fredericton.ca |
Fredericton is in stêd yn Kanada en de haadstêd fan de provinsje Nij-Breunswyk. De stêd is neamd nei Freark Augustus, hartoch fan York (1763-1827). Fredericton is mei iepen see ferbûn troch de Sint John Rivier, dy't troch de stêd streamt.
It provinsjaal parlemint hat syn sit yn Fredericton, dat ek in wichtich kultureel-, artistyk- en ûnderwiissintrum foar Nij-Brunswyk is. De stêd hat twa universiteiten. De komponist Jānis Kalniņš wenne fan 1948 oant 2000 yn Fredericton.
It plak dêr't de stêd no leit hat yn it ferline sawol ûnder Frânsk as Britsk bewâld stien. Dêrfoar wie tichteby in soarte fan haadplak fan lânseigen Yndianestammen.
Bekende ynwenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Charles Fisher (1808–1880), politikus
- Charles Frederic Hartt (1840–1878), natuerûndersiker
- Willie O’Ree (* 1935), iishokkyspiler
- Joe Medjuck (* 1943), produsint
- Danny Grant (* 1945), iishockeyspiler en -trener
- Jeffrey Scholten (* 1977), shorttracker