Springe nei ynhâld

Roelie Woudwijk

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 des 2021 om 18.15 troch Drewes (oerlis | bydragen) (rep. kou)

Roelie Woudwijk (Drachten, 1979) is in byldzjend keunstner út De Pein.

Se folge in oplieding moade en klaaiïng en in ynkoarte oplieding boukunde ear't se byldhouwer waard.[1] Roelie Woudwijk is as byldhouwer autodidakt. Njonken byldhouwen is se ek dwaande mei gravearjen yn glês, benammen portretten binne har spesjaliteit.

Se is in dochter fan Anne Woudwijk.

Wurk

Aldeberkeap

  • It libben fan de slak (2001)

Dedemsfeart

  • Boargat (2008)

Drachten

  • monumint sinleas geweld (2004)
  • Sûnder titel (2005), muorreliëf oan buerthûs "De Skûle", De Hoge Bomen
  • Sigeunermonumint (2007), Stasjonswei

Fotogalery

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. "Ik werk met hamer en beitel", Dagblad van het Noorden, 4 maart 2010