Bristol Beaufort
Bristol Beaufort | |
---|---|
Rol | (Torpedo)-Bommesmiter |
Makker | Bristol Aeroplane Company |
Untwerper | |
Earste flecht | 15 oktober 1938 |
Yn tsjinst | 1939 |
Ut tsjinst | 1944 |
Tal makke | 1.121 (+700 yn Austraalje) fan 1939 - 1944 |
Grutste brûkers | Royal Australian Air Force, RAF Coastal Command, Fleet Air Arm |
De Bristol Beaufort wie in twamotorige torpedobommesmiter, ûntwurpen en producearre troch de Britske fleantúchfabrikant Bristol. It tastel, mei fabryksoantsjutting Type 152, wie yn de Twadde Wrâldoarloch ûnder oaren yn gebrûk by de RAF, Coastal Command en fan 1940 ôf ek by de Royal Navy Fleet Air Arm en de Australyske loftmacht.
Type 152 waard ûntwikkele út de Bristol Blenheim.[1] Sy waarden brûkt as torpedobommesmiter, gewoane bommesmiter en om seeminen te lizzen oant yn 1942,[2] doe't se út aktive tsjinst helle waarden. Dêrnei waarden se brûkt as treningstastellen oant se yn 1945 echt ferâldere wiene.[3] Beauforts waarden ek geregeldwei ynset oan it Mediterane front; Beaufort-squadrons dy't yn Egypte en op Malta stasjonearre wiene holpen mei om in ein te meitsjen oan de befoarrieding fan Rommel syn Deutsches Afrikakorps yn Noard-Afrika.
Beauforts waarden lykwols it meast ynset troch de Royal Australian Air Force by de oarloch yn en om de Pasifyske Oseaanit, dêr't se oant de ein fan de oarloch brûkt waarden. Op seis tastellen nei, waarden de Australyske Beauforts pleatlik ûnder lisinsje makke.
Hoewol't de Beaufort as torpedobommesmiter ûntwurpen waard die er dochs mear tsjinst as konvinsjonele bommesmiter. De Beaufort makke oars mear fleanoeren op treningsflechten as op operasjonele missys en der giene mear tastellen ferlern troch ûngemakken en technysk falen as troch fijanlik fjoer.[4] Mar, út de Beaufort ûntstie wol de tige slagge lange-ôfstâns-jager Beaufighter.
Fan de Beaufort wiene der tsien farianten. It tastel hat ek tsjinne by de loftmachten fan Kanada, Nij-Seelân, Súd-Afrika en Turkije.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Bristol Beaufort Mk I: | |
Mjitten en prestaasjes | Gegevens |
---|---|
Lingte | 13,59 m |
Fleugelspanwiidte | 17,63 m |
Draachflak fleugels | 46,73 m² |
Hichte | 3,78 m |
Oandriuwing | ta Bristol Taurus-stjermotors fan 1.146 hk it stik |
Maks. faasje | 418 km/o op 1.830 m hichte |
Fleanberik | 1.666 km |
Bemanning | 4 |
Tsjinstplafond | 5.030 m |
Gewicht leech | 5.945 kg |
Geewicht fol | 9.630 kg |
Bewapening | 4 oant 7 7,7-mm-masinegewearen, 680 kg bommen of ien torpedo fan 728 kg |
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Bristol Beaufort fan de Royal Air Force
-
Beaufort IIa mei radar
-
ASV Mk II radarantenne oan in Bristol Beaufort
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- C.H. Barnes: Bristol Aircraft Since 1910. Putnam Aeronautical, Londen 1988, ISBN 0-85177-823-2.
- Tony Buttler: Bristol Beaufort (Warpaint Series No. 50). Warpaint Books Ltd., Milton Keynes 2000, ISSN X-9999-00501.
- Tony Buttler: British Secret Projects. Fighters and Bombers 1935–1950. Midland, Hersham 2004, ISBN 1-85780-179-2.
- William Green: War Planes of the Second World War. Volume Seven: Bombers and Reconnaissance Aircraft. Doubleday and Company, New York 1967.
- Roger Hayward: Beaufort File. Air-Britain (Historians) Ltd., Tonbridge 1990, ISBN 0-85130-171-1.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Besibbe ûntwerpen:
- Bristol Beaufighter
- Bristol Blenheim
- Blackburn Botha
- Cant Z.1007
- Ilyushin Il-4
- Mitsubishi G3M
- Mitsubishi G4M
- Savoia-Marchetti SM.79
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Bristol Beaufort fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |