Springe nei ynhâld

Snieûlen

Ut Wikipedy
De ferzje fan 22 nov 2021 om 16.33 troch Drewes (oerlis | bydragen) (Drewes hat de side Snie-ûlen omneamd ta Snieûlen: stavering neffens Taalweb)

De Snieûlen (Nyctea) wie in skaai yn de famylje fan de Ulefûgels. De ienichste soarte yn it skaai wie de Snieûle (doe Nyctea scandiacus).

It skaai waard yntrodusearre troch James Stephens yn 1826, om de Snieûle út it skaai fan de Ulen (Strix) wei te heljen. Yn 1999 waard lykwols fêststeld dat de Snieûle genetysk nei-besibbe wie oan de Amerikaanske Oehoe en de Magelhaanoehoe. Dêrom waard de Snieûle oerbrocht nei it skaai fan de Oehoes.