Kamjanske
Kamjanske | ||
Prometej | ||
Bestjoer | ||
Lân | Oekraïne | |
Oblast | Dnipro | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 229.794 (2021) | |
Oerflak | 138 km² | |
Befolkingsticht. | 1.700/km² | |
Oar | ||
Stifting | 1750 | |
Offisjele webside | ||
www.dndz.gov.ua |
Kamjanske (Oekraynsk: Кам'янське) is in stêd yn de Oekraïne, yn de oblast Dnjepropetrovsk. Tusken 1936 en 2016 hjitte de stêd Dniprodzerzjynsk. Dy namme ferwiisde tagelyk nei de Dnjepr as nei Feliks Dzerzjinski, de oprjochter fan de Tsjeka, de earste bolsjewistyske geheime tsjinst.
Kamjanske leit oan de rivier de Dnjepr en is feitlik in satellytstêd fan de miljoenenstêd Dnipro. De stêd is bekend fanwege dat Sovjetlieder Leonid Brezjnev dêr berne waard.
Fan 1941-1943 waard Kamjanske troch de Dútske Wehrmacht beset en foar in grut part ferneatige.
Ekonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De stêd hat in ferskaat oan grutte yndustry: 57% is metaalyndustry en 17% gemyske yndustry. Dêrfandinne is it ek ien fan de meast fersmoarge stêden yn de wrâld.
De grutte keardaam yn de Dnjepr waard yn 1964 oplevere.
Stedsbyld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
Otterdokske tsjerke Sint Nikolaas fan 1894
-
Roomsk-katolike tsjerke Sint Nikolaas
-
Teater
-
Gemeentehûs
-
Museum
-
Monumint Prometheus
-
Monumint Taras Sjevtsjenko
-
Treinstsjon
-
Brêge oer de Dnjepr
-
Wetterkrêftsintrale
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Leonid Brezjnev (19 desimber 1906 - 10 novimber 1982), lieder fan de Sovjet-Uny
- Ludmilla Arzhannikova (15 maart 1958), Nederlânsk hânbôgesjitster