Springe nei ynhâld

Fersetsmonumint (De Like)

Ut Wikipedy
De ferzje fan 10 sep 2021 om 17.34 troch Drewes (oerlis | bydragen) ([[]])
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Fersetsmonumint (De Like)
keunstwurk
Fersetsmonumint
Fersetsmonumint
bysûnderheden
jier 1988
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
hichte 4 m
plak De Like
lokaasje De Daam, Boppe-ein/Tsjerkewei

'Fersetsmonumint yn De Like' is in keunstwurk yn De Like dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma. It waard ûntbleate op 29 april 1988 en warskôget tsjin fassisme en diskriminaasje.

Troch in tal ferfelende foarfallen yn De Like waard begjin tachtiger jierren it 'Jongereinkomitee tsjin Fassisme' oprjochte. It moast de jongerein wjerhâlde fan diskriminaasje en woe foarljochting jaan oer rjochten en plichten yn in demokratyske rjochtsteat. Fanút de jongerein waard jierliks in deadebetinking hâlden yn De Like. In komitee sammele jild yn foar in monumint. Mei stipe fan de gemeente kaam it monumint yn 1988 yn de buorren te stean, mar waard nei in werynrjochting fan it sintrum fersetten nei De Daam.

De skulptuer bestiet út 32 swarte balken fan metaal dy’t op elkoar lizze en ferspringe. De balken foarmje mei elkoar de letter V fan “Vrijheid” en “Verzet”. De swarte balken fan 12 sintimeter heech en 12 sintimeter breed bûge har earst oer de taskôger hinne, mar geane op healwei oer yn flerken dy’t wiid de loft yn stekke.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: