Stifting Krús- of Doumalien
De Stifting Krús- of Doumalien, yn Aldeboarn, hat as doelstelling om finansjele steun oan jonge minsken te jaan by it folgjen fan tariedend wittenskiplik of wittenskiplik ûnderwiis.
It Krús- of Doumalien wie al ynsteld yn 1520 en is neamd nei Jancko Douwama (1483-1533) of syn heit. Lânbesit en it yn de rin fan de tiid opboude belizzings foarmje in fermogen fan de Stichting dy 't yn 1990 oprjochte is. It bestjoer kin de opbringsten brûke foar de doelstelling. Iuwen lyn koe mei it fermogen de hiele stúdzje (meast teology) betelle wurde. In studint moast sollisitearje en oan in soad easken foldwaan. Doe't stúdzjefinansiering foar elkenien beskikber kaam waarden de kritearia om in berop op it lien te dwaan oanpast. Bydrages waarden doe ferstrekt yn gefal fan langdoerige sykte en bysûndere útjeften dy't net troch de stúdzjefinansiering dekt waarden. Dêrneist moast de kandidaat (benefisiant neamd) bining mei Aldeboarn of dêromhinne hawwe of teminsten binnen de provinsje Fryslân.
In oanfraach kin yntsjinne wurde troch in brief dêr't de reden út blykt en moat in begrutting yntsjinne wurde. It bestjoer hat dan it rjocht om de finansjele draachkrêft fan de âlden of fersoargers te toetsen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|