Oold Ark
Oold Ark is in museum yn Makkingea, oprjochte foar de samling ark fan Albert Mulder. In soad hânark en reau is te sjen yn neimakke wurkplakken dêr't toand wurdt hoe't se destiids brûkt waarden. Sa binne der wurkplakken fan de smid, timmerman, weinmakker, skuonmakker, skilder en slachter. Ek it werfark fan Nanning Hendrik Bulthuis is hjir te sjen. Alles is sa opsetten as wie de ambachtsman der sa útstapt. Der is fierders noch in groppestâl, in suvelhoekje en in hûskeamer. Foar de jeugd is der in edukative hoeke mei in skoalklaske út 1950, spultsjes en âlde lesboekjes. Foar bûten binne der âld-Hollânske bernespullen.
Jierliks is der in tentoanstelling dêr't in bepaald berop sintraal stiet. Op de ambachtemerk fan Makkingea hat it museum in grutte rol.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|