Dart (rivier)
Appearance
De Dart is in rivier yn Devon, Ingelân dy't ûntspringt op it Dartmoor en yn see útmûnet by Dartmouth. De delling en de omkriten fan de rivier binne fan grut belang foar de natuer.
It boek The River Dart fan Ruth Manning-Sanders giet oer de rivier en syn skiednis.
Dichteresse Alice Oswald skreau it 48 siden lange gedicht Dart (2002), dat de T. S. Eliot Priis foar 2002 krige. It gedicht ûntstie nei petearen mei- en ûndersyk fan bewenners fan de mienskippen oan de Dart.
De Weaver Twins fan Stoke Gabriel skreaune it liet Dart. De fideo anneks waard filme oan de iggen fan de rivier en waard brocht troch Radio Caroline telefyzje.