Geert Veenhuizen
Geert Veenhuizen (Stootshorn, 18 novimber 1857 - Sappemeer, 30 jannewaris 1930) wie in Nederlânsk jirpelkweker.
Veenhuizen ferliet op syn trettjinde de legere skoalle en gie oan de slach by in beamkweker yn Noordbroek. Mei in koarte ûnderbrekking fanwegen militêre tsjinst, wurke hy dêr oant syn trijentweintichste. Hy wurke dêrnei by in kweker yn Gouda en Boskoop. Hy troude yn 1882 mei Jantje van der Wijk, dochter fan in blom- en beamkweker yn Sappemeer en fêstige him wer yn it noarden. Hy modernisearre it bedriuw fan syn skoanheit en gie ek oan de slach as túnarsjitekt.
Jirpels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn dy tiid makke de jirpelmoalyndustry een flinke groei troch en Veenhuizen rekke ynteressearre yn de tylt fan jirpels. Hy krige de lieding oer in proeffjild fan in pleatslike lânbouferiening yn 1889 en waard yn 1903 kultuersjef fan in sintraal proeffjild yn Sappemeer. Hy ûntwikkele in soad nije jirpelrassen, wêrûnder de Eigenheimer (1893), Rode Star, Bravo en Thorbecke. Syn poatguod waard ek eksportearre nei it bûtenlân. By syn pensjoen yn 1927 krige hy in keninklike ûnderskieding. Hy publisearre oer syn wurk Het Veredelen onzer aardappelrassen en Het kweeken van nieuwe aardappelvarieteiten. Veenhuizen ferstoar yn Sappemeer en waard begroeven by de Koepeltsjerke. Op syn grêf stiet in obelisk mei syn portret en de wurden 'DE GROOTE AARDAPPELKWEEKER'.
Yn Sint Jabik is in strjitte nei him ferneamd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |