Sulverkanaal
Appearance
It Sulverkanaal is in feart yn de gemeente Opsterlân. De feart rint fan de Skipsleat nei it westen en hat nei Piershiem (east fan Warniahuzen) ferbining mei it Alddjip en de Binnenringfeart om de Grutte Feanpolder Opsterlân.
De namme Sulverkanaal jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Zilverkanaal.