Springe nei ynhâld

Calais

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 okt 2020 om 16.42 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Lizzing Kales yn Pas-de-Calais
Bestjoer
Lân Frankryk
Regio Opper-Frankryk
Departemint Pas-de-Calais (62)
Sifers
Ynwennertal ↓74.336 (2009)
Oerflak 33,5 km²
Befolkingsticht. 2.219 / km²
Hichte 0-18 m

Calais (histoarysk yn it Frysk Kalês of Kales) is in stêd yn Frankryk dy't leit oan de Opaalkust by it Kanaal, dêr't de ôfstân tusken Frankryk en it Feriene Keninkryk op it koartst is (it Nau fan Calais). Der wenje om-ende-by 80.000 minsken.

By Calais, yn Sangatte begjint de Kanaaltunnel dy trochrint nei Dover yn Ingelân.

Eartiids makke Calais diel út fan it greefskip Arteesje. Troch de Ingelsken waard de stêd yn 1347 ferovere en wie oant en mei 1558 in Ingelske eksklave. Dêrnei kaam it yn besit fan de Frânsken. Fan de Spaanske Nederlannen út waard de stêd yn 1596 troch de Spanjerts ferovere en makke doe koart diel út fan de Nederlannen. De stêd waard yn 1598 by it ferdrach fan Fervins weromjûn oan Frankryk.

Berne yn Calais

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]



It ferrin fan it ynwennertal fan Calais sûnt 1962. Boarne: Frânsk buro foar de statistyk.