Springe nei ynhâld

Tsarskoje Selo

Ut Wikipedy
De ferzje fan 19 okt 2020 om 16.24 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (bs)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
It barokke Katarinapaleis en park
It neoklassisistyske Aleksanderpaleis

Tsarskoje Selo (Russysk: Царское Село, Tsarskoje Selo; "Tsarendoarp") is in eardere residinsje fan de keizerlike Russyske famylje en de (hege) adel dy't op besite kaam op 24 kilometer besuden Sint-Petersburch. It falt tsjintwurdich ûnder de stêd Pûsjkin en fan it Wrâlderfgoedmonumint 'Sint-Petersburch en besibbe groepen fan monuminten'.

Yn de 17e iuw hearde de bûtenpleats oan in Sweedske aadlike famylje. De oarspronlik Finske namme fan de bûtenpleats wurdt faak oerset as "hegerlizzende grûn". Max Vasmer hat it toponym lykwols ôflaat fan it Finske wurd saari (eilân). Yn alle gefallen waard de Finske namme troch de 18e-iuwske Russen útsprutsen as "Sarskoje Selo", wat letter feroare yn "Tsarskoje Selo".

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]