Springe nei ynhâld

Kim Winona

Ut Wikipedy
De ferzje fan 14 okt 2020 om 16.38 troch Tulp8 (oerlis | bydragen) (Libben)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)
Kim Winona
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Constance Elaine Mackey
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 10 oktober 1930
berteplak ? (Nebraska)
stoarn 23 juny 1978
stjerplak Los Angeles (Kalifornje)
etnisiteit Lakota- (Sioux)
jierren aktyf ±1950 – ±1965
offisjele webside
gjint

Kim Winona (wiere namme: Constance Elaine Mackey; Nebraska, 10 oktober 1930Los Angeles (Kalifornje), 23 juny 1978), wie in Amerikaansk aktrise fan Yndiaansk etnysk komôf.

Kim Winona waard yn 1930 berne yn 'e steat Nebraska, en wie fan komôf in Lakota- (Sioux). Hja groeide op yn it Rosebud Yndianereservaat yn Súd-Dakota. Doe't se 17 jier wie, ferfear se mei har âlden nei Spokane, yn 'e steat Washington, dêr't se Harvey, man fan Yndiaansk komôf, mette mei wa't se troude. Mei him ferhuze Winona nei Los Angeles, dêr't har man as drukker wurke en in eigen bedriuw opsette, wylst Winona sels in baan as siktaresse fûn by in kommersjeel yllustrator.

De klanten fan har baas, dêr't mannich in fotograaf ûnder wie, murken Winona har skientme op, mei as gefolch dat se al rillegau as model frege waard. In talintescout foar de filmyndustry seach guon foto's fan har, en frege har daliks oft se net as aktrise wurkje woe. Koarte tiid letter waard se ôfwiisd foar in rol yn 'e film The Last Hunt, mar oan har audysje hold se wol in moai putsje oer as model by de promoasje fan 'e film.

Yn 1955 wist se mei 25 jier de rol fan Morning Star te bemachtigjen, yn 'e westerntillefyzjesearje Brave Eagle, dy't útstjoerd waard troch de Amerikaanske stjoerder CBS. Morning Star wie in kreaze Yndiaanske frou dy't it oanlei mei it titelpersonaazje fan 'e searje, spile troch akteur Keith Larsen. Winona ferfolle dizze rol yn it tillefyzjeseizoen 1955-1956. De searje Brave Eagle, in produksje fan Roy Rogers, wie de earste Amerikaanske westernrige dy't de filme foarfallen út it eachpunt fan 'e Yndianen toande.

Winona koe dizze iere glânsrol neitiid nea wer belykje, en waard úteinlik tekenleararesse. Dêrnjonken wie se ek aktyf as keunstskilderesse en as byldhouster. Ien fan har byldhouwurken is te sjen yn it Carnegie Ynstitút yn Pittsburgh. Hja krige letter twa dochters, Migan (1962) en Michelle (1973). Se stoar yn 1978, doe't se 47 jier wie, neffens de berjochten trochdat se harsels tekoart die.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.