Easterskarsleat
Appearance
De Easterskarsleat is in feart yn de gemeente It Hearrenfean. De feart rint troch de Skarpolder fan Terbant nei de súdliker rinnende H.B.Jonkerwei. Mear rjochting Haskerdiken rint de Westerskarsleat.
In skar is in diel fan in mienskiplik stik greide of healân. Men hie dêr it rjocht om der simmerdeis in ko yn te skarjen. In oare betsjutting is in stik lân fan sawat oardel pûnsmiet.
De namme Easterskarsleat jildt mei yngong fan 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Oostersche Scharsloot.