Ragged Glory (album fan Neil Young)
Ragged Glory is in album út 1990 fan de Kanadeeske sjonger, gitarist en lietsjeskriuwer Neil Young. Op dit album spilet hy wer mei syn âlde begeliedingsband Crazy Horse. De lietsjes binne meastentiids melodieus en de begelieding is faak 'koart-foar-de-kop" rockend en hoarnhurd mei jankende gitaren. Sommige ferskes binne nostalysk. “The days that used to be” docht tinken oan “My back pages” fan Bob Dylan. Yn “Mansion on the hill” sjocht Neil Young werom nei de sixties, hy sjongt dan “Psychedelic music fills the air. Peace and love still are there”. It nûmer “Father John” waard yn 1964 al spile troch The Premiers. "Mother Earth" is in traditioniel liet, wêrby’t de sang begelieden wurdt troch in ferfoarme gitaar.
Tracklist
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It album bestiet út de folgjende lieten.
- Country Home
- White Line
- F*!#in’Up
- Over and Over
- Love to Burn
- Farmer John
- Mansion on the Hill
- Days that Used to Be
- Love and Only Love
- Mother Earth
“Farmer John” is skreaun troch Don “Sugarcare” Harris en Dewey Terry. “Mother Earth” is in âld tradisjoniel liet.
Muzikanten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Neil Young (sang,gitaar)
- Frank Sampredo (gitaar en sang)
- Billy Talbot (bas,sang)
- Ralph Molina (drums,sang)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Diskografy