Springe nei ynhâld

Skoalopsjenner

Ut Wikipedy
De ferzje fan 26 jul 2020 om 00.49 troch Wutsje (oerlis | bydragen) (st)
(fersk.) ← Eardere ferzje | Rinnende ferzje (fersk.) | Nijere ferzje→ (fersk.)

Skoalopsjenner wie in funksje yn it ûnderwiis yn it begjin fan de 19e iuw, mei it doel it ûnderwiis op in reedlik en akseptabel nivo te bringen.

Ier yn 'e 19e iuw woe de oerheid it ûnderwiis ferbetterje en fernije. Tafersjoch op de skoallen koe dêr by helpe. Nei't yn 1801 in skoalwet oannaam wie, waarden skoalopsjenners oansteld. Sy kontrolearren net alline oft de wetlike bepalingen neilibbe waarden, mar ek oft der genôch stipe jûn waard by de útfiering fan dy wet.

De skoalopsjenner besocht yn prinsipe alle skoallen yn syn regio twaris it jier; hy stipe, ûnderrjochte, begelate, korrigearre en eksaminearre de skoalmasters.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]