Ferkâldenens
Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout! |
Ferkâldenens of Ferkâldheid is in ynfeksje troch in firus (meast in rhinofirus of koronafirus).
In ferkâldheid (akute firale nasofaryngitis) is in virale ynfeksje fan it slymflues fan de boppeste luchtwegen (noasholte, kiel en luchtpiip). Symptomen kinne wêze: prúste, rinnende noas, in tichte noas, kielpine, hoastjen, pine yn 'e holle, wurchte. Somtiden is der ek in konjunktivitis (reade, jûkjende eagen). De pasjint kin meast sy deistige dingen fuortsette. In ferkâldenens duorret meastal fiif oant sân dagen, in enkelde kear twa wiken. Der binne trochstrings 2 à 4 ynfeksjes it jier by folwoeksenen. Bern dy't op skoalle sitte kinne wol oant 12 kear it jier ferkâlden wurde. De iennichste menier om ynfeksje foar te kommen is hânwaskje[1].
Is in ferkâldheid oerbettere dan is der in libbenslange ymmuniteit foar dat spesifike firus. Der binne lykwols hûnderten ferskillende soarten firussen dy't ferkâldheid jaan kinne. De measte binne rhinofirussen, mar it kinne ek oaren wêze, sa as it koronafirus, para-ynfluenzafirus, respiratory syncytialvirus, adenofirus, enterofirus en metapneumofirus.
De namme suggerearret dat men it wei kriget troch kjeld[2]. Wittenskiplik bewiis is dêr lykwols net foar[3][4]. Wol is it in feit dat ferkâldheid fral yn de winter en by kâld en wiet waar foarkomt, mar dit kin oare oarsaken hawwe. Yn soksoarte omstannichheden sitte minsken mear yn 'e hûs en luchtsje hja minder, sadat de firussen harren makliker ferspriede kinne as simmerdeis. Ien hypotese seit dat kjeld de bloedfetten fan de boppeste luchtwegen fernauje; minder bloedoanfier fermindert de pleatslike ôfwar[5].
De farmaseutyske yndustry[6][7][8] en de alternative sektor[9][10]wolle hawwe dat sy ferkâldenens behannelje en foarkomme kinne, mar dêr is nea in medysk bewiis foar fûn[11][12]. De symptomen kinne wol bestriden wurde, mar de ferkâldenens duorret der wierskynlik net koarter om.