Dodi al-Fayed
Emad El-Din Mohamed Abdel Moneim Fayed (Aleksandrje, 15 april 1955 — Parys, 31 augustus 1997) wie de soan fan Mohamed al-Fayed.
Hy siet op it Institute Le Rosey yn Switserlân. Hy hâlde him benammen dwaande mei filmproduksjes; hy wie ien fan de produsinten fan de film Chariots of Fire (1981).
Hy stoar by in autoûngemak yn Parys tegearre mei Diana, Prinses fan Wales, wylst se efterneisitten waarden troch paparazzi. Harren koarte relaasje kaam destiids yn opspraak doe't in oare frou kleemde dat se ferloofd west hie mei Dodi en dat sy dêrnei ferlitten wie foar Diana.
Yn de media-gekte dy't útbruts nei it auto-ûngelok wienen der in soad spekulaasjes oer it karakter fan Dodi. Benammen syn kar fan froulik selskip en syn motiven om in relaasje oan te gean mei Diana waarden ûnder de loep nomd. Syn heit rjochte in monumint ta neitins fan Dodi en Diana op by Harrods, dêr't hy de eigener fan wie.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Paul Burrell - Dicht bij Diana herinneringen van haar butler, ( 2007 )