Springe nei ynhâld

Bildungsroman

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûntwikkelingsroman)

In Bildungsroman (Dútsk: oerset yn it Frysk: foarmingsroman) is in psychologyske roman dy’t ferhellet oer de ûntjouwing fan de geast en persoanlikheid fan de protagonist yn de oergong fan bernetiid nei folwoeksenens, wêrby’t de bewustwurding fan de eigen identiteit en rol yn de wrâld gewoanwei in rol spilet. It modelfoarbyld foar it sjenre wie Goethes Wilhelm Meisters Lehrjahre útt 1796.[1]

De term Bildungsroman waard yn 1820 betocht troch Johann Carl Simon Morgenstern.[2]

Sintraal stiet de emosjonele, morele en yntellektuele groei fan it (meast jonge) haadpersonaazje. It haadpersonaazje wurdt gauris foarme troch de lju dy’t er moetet en dêr’t er mei omgiet. Syn libbensferhaal wurdt skaaimerke troch de syktocht nei sinjouwing en harmony. Hiel faak stiet it konflikt tusken de protagonist en de maatskippij sintraal, wêrby’t de protagonist de noarmen en wearden om him hinne stikje by bytsje leart te akseptearjen, wêrtroch er úteinlings dochs yn de maatskippij opnommen wurdt. Yn guon ferhalen is de protagonist earst nei it hawwen fan in beskate ripens yn steat om him om oaren drok te meitsjen en dy te helpen. It sjenre hat dan ek didaktyske skaaimerken dy’t weromgeane op opfiedingsidealen út de tiid fan de Ferljochting. Lykas de namme al oanjout, wie it sjenre benammen yn Dútslân súksesfol.

De Bildungsroman is as sjenre ûntstien út de folkloareferhalen dêr’t bygelyks in net al te tûk persoan de wrâld yn teach om oarewei syn lok te sykjen, faak nei’t er earst in ferlies lit hie dat him emosjoneel slim rekke hie. As sjenre stiet de Bildingsroman hiel ticht by de Entwicklungsroman, de Erziehungsroman en de Künstlerroman, de trije foarneamde sjenres wurde yn de letterkunde dan ek meast as subsjenres fan de Bildungsroman beskôge. As bygelyks benammen it grutbringen fan de jonge haadpersoan beklamme wurdt, sa as yn Rousseau’s Emile, dan hat jo it wol oer in Erziehungsroman en as de haadpersoan him ûntjout as keunstner, is de term Künstlerroman fan tapassing.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Abrams, M.H. (1999). A Glossary of Literary Terms. Seventh Edition. Fort Worth, Texas: Harcourt Brace College Publishers. ISBN 9780155054523
  • Bork, G.J. van, D. Delabastita, H. van Gorp, P.J. Verkruijsse. (2012). 'Bildungsroman.' Algemeen letterkundig lexicon, 2012, online. Rieplachte op 27 septimber 2014.
  1. Van Bork e.a. (2012), online.
  2. (dú) http://www.uni-magdeburg.de/mbl/Biografien/1140.htm