Springe nei ynhâld

Underwiisfilm

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderwiisfilm)

In ûnderwiisfilm is in film dy’t benammen brûkt wurdt as ûnderwiismiddel of om te ûnderwizen.

De ûnderwiisfilm is in ûnderwiismiddel. It doel fan de ûnderwiisfilm is dus it learen te stypjen. Sadwaande dat de kreative kwaliteit fan de ûnderwiisfilm net it wichtichste is, mar wol de tûke ynset fan ûnderwiiskundige oerwagings. It giet der by in goede ûnderwiisfilm om de learprosessen fan de sjogger op syn bêst te aktivearjen en te stjoeren. Fansels wurde der yn it ûntwerp en by de útfiering filmtechniken en filmteoryen ynset. De kombinaasje fan didaktyk en filmwittenskip neame wy de filmdidaktyk. It blykt dat benammen de spylfilm in rynske ynformaasjeboarne is foar de filmdidaktyk. [1]. De makker fan ûnderwiisfilms wurdt in ûnderwiisfilmer neamd.

De earste film waard yn Parys yn 1895 fertoand. Se seagen ek yn Nederlân mooglikheden foar it ûnderwiis en sa waard yn de tweintiger en tritiger jierren de earste Nederlânske skoalbioskoop oprjochte (Den Haach, 1918).

De Stichting Nederlandse Onderwijs Film (NOF) (letter feroare de namme yn Stichting Nederlands Instituut voor Audiovisuele Media voor het Onderwijs of NIAM) wie yn de perioade tusken 1941 en 1953 de foarnaamste fersprieder fan ûnderwiisfilms. Earst om Dútske nasjonaalsosjalistyske propagandafilms út it ûnderwiis te kearen. Se ynstruearre ûnderwizers oer it brûken fan de eigen ûnderwiisfilms en hoe’t se ferskilden fan gewoane films. [2]. Yn it Nasjonaal Argyf yn Den Haach binne stikken te finen oer de organisaasje, de skiednis en oare dokumintaasje. [3]. Yn 1965 rjochte de NOF de NOT (Nederlandse Onderwijs Televisie) op, ûnder oare om mear jild foar audiofisuele helpmiddels te bemachtigjen.

Yn de santiger jierren is der njonken film ek faker telefyzje yn de skoalle en nimt ek de belangstelling foar media út it ûnderwiis wei ta. Dat set troch yn de tachtiger jierren as de kompjûter en de fideorekôrder der yn komme. Omdat it ûnderwiis yn dy perioade yn alle opsichten feroaret, tinke se oer de mooglikheden fan de film yn it ûnderwiis nei. Dy ûntjouwings liede yn de njoggentiger jierren ta ûnderwiismaterialen dêr’t de ûnderwiisfilm yn yntegrearre is of ynteraktyf te beneierjen.

Yn de tiid fan de 16 mm ûnderwiisfilm dy’t sawat fan healwei de tritiger jierren oant healwei de tachtiger jierren fan de foarige iuw rûn, wiene der ferskate produsinten. Hjirûnder stiet in list mei wrâldwiid de bekendste produdusinten út dy tiid:

Bûtenlânske produsinten Taljochting
Avis Films wie in low-budzjetprodusint yn de fyftiger jierren en benammen yn de Feriene Steaten. De films giene meast oer sûnens en goed boargerskip
Barr
Encyclopedy Britannica Films makke, troch de oername (ein 1940) fan ETRI films, in grut tal films oer serieuze ûnderwerpen
Centron begûn yn de santiger jierren, nei earst foar oaren lykas Young America Films of McGraw Hill Text Films, sels films út te bringen
Coronet Films úteinset yn 1946 troch David Smart (oprjochter fan Esquire magazine), wie ien fan de foarnaamste produsinten
Crawley Films wie in Kanadeeske filmprodusint dy’t har films útbrocht fia de National Film Board of Canada of de International Film Bureau
ETRI wie de grutste produsint yn de tritiger jierren en brûkte as ien fan de earsten lûd
James Myer
Louis Kirk ek bekend as fotograaf foar boeken oer natoer en skiednis, makke benammen yn de santiger jierren films yn it noardwesten fan de Feriene Steaten
Martin Moyer makke yn de sechstiger jierren films oer ferskate ûnderwerpen (natoer, yndustry en sport)
National Film Board of Canada makke en fersprate in soad fan de bêste ûnderwiisfilms dy’t se meast sels produsearren
Rarig's ek bekend as filmferhierder, makke benammen yn de fyfitiger en sechstiger jierren films (yndustry, feiligens en natoer)
Sandeep Marwah
Schlessinger
Sid Davis makke ûnderwiisfilms oer kontroversjele ûnderwerpen (bernelokkers) en liet by ferkearsfeiligens echte auto-ûngemakken sjen
Walt Disney Company

In ûnderwiisfilm hat as skaaimerk in sterke fokus op de ynhâld en de didaktyk en minder op de foarmjouwing. Dat lêste liket net hielendal terjochte omdat foarm en ynhâld och sa oaninoar keppele binne. [4]. Dat betsjut oars net de boel samar wat opgnjisse, mar de ynhâld trochtocht, dat wol sizze útgeande fan ûnderwiiskundige oerwagings, troch foarmjouwing te fersterkjen.

In goede ûnderwiisfilms skaaimerkt him troch

  • geskiktens: de film is it middel om it boadskip oer te bringen en past by de ûnderwiismetoade
  • effektiviteit: der binne gjin ûnnedige ferdjippings of útwreidings mar de film is rjochte op it leardoel [5]
  • iepenheid: it leardoel en de keazen learstratezjy wurde helder en earlik kommunisearre krekt as de yntinsjes fan de makkers
  • útnûgjend: de foarmjouwing stipet it learend boadskip posityf
  • oanslutend: de wize dêr’t de sjogger op oankommen wurdt slút oan by syn profyl
  • belutsenens: de sjogger moat him emosjoneel oansprutsen fiele ta itjinge er sjocht
  • kwaliteit: de film moat op syn minst fan sa’n nivo wêze dat de sjogger der net troch ôflaat wurdt

Omdat de sjogger by in spylfilm, reklamefilm of foarljochtingsfilm ek besocht wurdt wat by te bringen, soene jo op grûn fan de definysje dizze type films ek ûnderbringe kinne by ûnderwiisfilms. Dochs wurdt dat yn de praktyk net dien. Underwiis wurdt nammentlik net alinnich assosjearre mei it oanbieden en ferwurkjen fan nije kennis, feardigens en ynsjoch mar ek mei in sektor dy’t dat as primêr doel hat. Dat is net it gefal foar de makkers fan spylfilms, reklamefilms of foarljochtingfilms. De sjogger nei dy filmsjenres ha it beheljen fan in leardoel ek net foar eagen.

Edutainmint(film)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Edutainmint(film), Ynfotainmint(film) of Entertainmint-Underwiisfilm is in foarm fan de ûnderwiisfilm mei as doel sawol te ferdivedearjen as te ûnderwizen.

In dokumintêre is in ûnderwiisfilm dy’t op feiten basearre is en oer dingen giet dy’t wier bard binne. De films jouwe in byld fan in ûnderwerp of registrearje in evenemint. Se besykje meast ynformatyf en objektyf te wêzen, hoewol’t betiden de miening fan de filmmakker ek op de foargrûn stiet.

In ûnderwiisfideo is in ûnderwiisfilm dy’t mei help fan in ûnderwiisarsjitekt en in fideo-arsjitekt makke wurdt. De ûnderwiisarsjitekt begjint as earste mei in dosint te ûndersykjen hokker ûnderwerpen geskikt binne om op in ûnderwiisfideo út te bringen en hoe’t dat it bêste kinne soe. Dan slút de fideo-arsjitekt oan om de ûnderwiisarsjitekt te helpen mei in fideoskript en in draaiboek. De produksje is yn hannen fan de fideo-arsjitekt ûnder tasjend each fan de ûnderwiisarsjitekt en de dosint.

Sosjale ûnderwiisfilm

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sosjale ûnderwiisfilm of foarljochtingsfilm is in sjenre fan de ûnderwiisfilm dêr’t se bern en folwoeksenen yn besykje te learen meiïnoar om te gean. Typyske ûnderwerpen binne drugs, hoflikens, houlik, húshâlding, seksualiteit, alkohol, feiligens en it nimmen fan de eigen ferantwurdlikens. Dy films wurde gewoanwei yn it publike domein publisearre. Foarbylden hjirfan binne Postbus 51 en Sire.

Flipped classroom is in foarm fan blended learning, wêrby’t studinten nije learstof oanbean krije troch te sjen nei online fideo’s. Dat dogge se meast thús. Wat foarhinne dus húswurk wie, bart no yn de klasse mei de learkrêften wylst de ynstruksje krekt thús bart.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Audiovisueel ontwerpen, theorie en praktijk; conceptontwikkeling voor film, video en televisie, 1995, Abcoude, Utjouwerij Uniepers, Heerlen: Open Universiteit | ISBN = 90 6825 164 3 http://www.open.ou.nl/wim/publicationspdf/BOEKtotaal.pdf
  2. Masson, E., Celluloid teaching tools: classroom films in the Netherlands (1941–1953), 2007, Film History: An International Journal, Volume 19, Number 4, 2007, Siden 392-400
  3. Ministerie van OCW, Stichting "Nederlandse Onderwijs Film" (NOF), 1941-1969, Nationaal Archief, Siden 2.14.68
  4. McLuhan, M., Understanding media: the extensions of man, 1964, New York, McGraw-Hill
  5. Fleming, M. en Levie, W. H., Instructional message design, 1985, New York, Holt, Rinehart and Winston