Utset
Appearance
(Trochferwiisd fan Útset)
In útset of útsetsel is in folsleine tarissing fan klean, bêdrêding, húshâldlinnenguod (lykas handoeken, waskhantsjes, skûteldoeken, ensfh.) diggelguod, itensark en oare húshâldlike saken, dy't gearsparre of op in oare wize gearbrocht is troch in jonge frou foar har trouwen. Foarhinne, doe't famkes al op jonge jierren oan sa'n útset begûnen te wurkjen, makke it ornaris diel út fan in breidsskat, mar tsjintwurdich stiet dit ferskynsel op himsels. Soms wurdt de term útset ek mei in beskaat doel spesifisearre, lykas by 'kokenútset' of 'babyútset'.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Referentie, op dizze side. |