Ynskedee (gemeente)

Ut Wikipedy
Ynskedee
Enschede
Eanske
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Oerisel
boargemaster Roelof Bleker
sifers en geografy
haadplak Ynskedee
grutste plak Ynskedee
ynwennertal 161.573 (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 1145 /km²
oerflak 142,72 km²
● wêrfan lân 140,83 km²
● wêrfan wetter 1,89 km²
tal stêden 1
tal doarpen 4
ferkearsieren Steatsline D
A35, N35, N18, N732, N733, RING, B54
skiednis
oprjochte 1325
oar
netnûmer 053
postkoade 7500-7549
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside Webstee fan de gemeente
Dizze side giet oer de gemeente Ynskedee. Foar de stêd dêr't de gemeente nei neamt is, sjoch: Ynskedee.

Ynskedee[1][2] (Nederlânsk en offisjeel: Enschede; Nedersaksysk: Eanske) is in stêd en gemeente yn it easten fan de Nederlânske provinsje Oerisel yn de krite Twinte, mei 161.573 ynwenners (1 jannewaris 2024, boarne: CBS), en mei in oerflak fan 141,47 km². De gemeente Ynskedee wurket gear yn de Regio Twinte en docht mei oan de EUREGIO, it earste regionale oer de grins rinnende gearwurkingsferbân yn Europa.

Plakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gemeentekaart fan Ynskedee

De gemeente Ynskedee bestiet út 1 stêd, fjouwer doarpen en lykfolle buorskippen. It gemeentehûs stiet yn Ynskedee.

Stêd Doarp Buorskip
Ynskedee Boekelo Broekheurne
Glanerbrug Goorseveld
Lonneker Rutbeek
Usselo Twekkelo

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant 1935 omfieme de gemeente Ynskedee allinnich de stêd Ynskedee. Doe waard de gemeente Lonneker, dy't de stêd alhiel omkrong, anneksearre nei in flugge yndustriele útwreiding fan Ynskedee dy't yn de 1860-er jierren úteinsette. Yn dy snuorje waarden spoarlinen oanlein en it Twintekanaal groeven.

Yn de 1990-er jierren ûntstiene der plannen en foegje de gemeenten Ynskedee, Hengelo en Borne gear ta ien gemeente Twintestêd. Yn 2000 waard it plan ynlutsen, omreden benammen in yn Hengelo holden referindum útwiisde dat der alhiel gjin draachflak ûnder de pleatslike befolking wie. Yn 2001 waard úteinset mei in yntinsive gearwurking tusken de gemeenten Ynskedee, Hengelo, Borne, Oldenzaal en Almelo as Netwurkstêd Twinte. Dy Netwurkstêd wurket ek nau gear mei Múnster en Osnabrück yn de Stêdetrijehoeke MONT (Múnster, Osnabrück en Netwurkstêd Twinte)

Lizzing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Swierwaar oer Ynskedee hinne

Ynskedee leit yn de Oeriselske krite Twinte op in pear kilometer fan de Dútsk-Nederlânske grins. De stêd leit suver tsjin de Dútske stêd Gronau oan. Mank mei Gronau en Hengelo en Borne foarmet Ynskedee in agglomeraasje fan 400.000 ynwenners.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynskedee hat, lykas de rest fan Nederlân in seeklimaat, alhoewol't de winters dêre minder myld binne as de rest fan Nederlân, omreden syn lizzing mear yn it ynlân.

 Waaroersicht foar Ynskedee 
Moanne jan feb mrt apr maa jun jul aug sep okt nov des Jier
heechste maksimum (°C) 14,5 19,5 24,5 29,3 31,8 35,4 40,2 36,2 32,1 27,9 19,8 16,3 40,2
trochsneed maksimum (°C) 5,3 6,3 10,1 14,9 18,6 21,4 23,6 23,2 19,3 14,4 9,2 5,8 14,3
trochsneed temperetuer (°C) 2,8 3,2 5,8 9,6 13,2 16,0 18,1 17,6 14,2 10,3 6,3 3,5 10,0
trochsneed minimum (°C) −0,0 −0,2 1,3 3,5 7,0 9,8 12,1 11,7 9,1 6,2 3,1 0,8 5,4
leechste minimum (°C) −21,8 −21,8 −16,8 −8,8 −3,9 −0,6 3,0 1,3 −3,5 −8,5 −11,4 −16,3 −21,8
delslach (mm) 70,8 55,4 58,1 43,7 57,2 64,8 77,6 79,4 67,3 67,5 66,1 76,4 784,3

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loftferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant koartlyn hie Ynskedee in fleanfjild foar boargerlik en militêr gebrûk, Twente Airport. It militêr fleanfjild waard yn 2007 sletten en it boargerlik yn 2008. Yn 2016 iepene it fleanfjild foar sake- en privee- en rekreaasjeflechten.

Treinferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Stasjonsplein mei it Stasjon Ynskedee

It Stasjon Ynskedee is in dûbeld einstasjon. Fan it westen ôf is er it einstasjon fan treinen út Hengelo, Swol, Dimter, Stasjon Sutfen, Utert-Sintraal, Skiphol en De Haach-Sintraal. Fan it easten ôf is er it einstasjon mei ferbining út Gronau, Múnster en Dortmund. It ferfier nei Nederlân wurdt oanbean troch de Nederlânske Spoarwegen en dy nei Dútslân troch DB Regio. Der is gjin spoarferbining tusken de twa systemen.

Der binne noch twa stasjons yn Ynskedee en ek it doarp Glanerbrug hat in stasjon:

Busferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynskedee hat busferbinings mei omlizzende plakken lykas Hengelo, Oldenzaal, Haaksbergen, Neede en Eibergen. De busferbinings wurde fersoarge troch Arriva (foar it grutste part ûnder de namme RRReis).

Dykferkear[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de sintrumwiken is in folsleine ringwei mei in lingte fan 8 km, dy't de singel neamd wurdt. Dy dyk waard tusken 1916 en 1929 oanlein. De measte diken dy't Ynskedee ynrinne binne oansletten op dy ringwei. Ynskedee is oansletten op it rykswegenet troch middel fan de A/N35 en de N18.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Flagge fan de provinsje Oerisel
Almelo - Borne - Dalfsen - Dimter - Dinkellân - Haaksbergen - Hardenberg - Hellendoorn - Hengelo - Hôf fan Twinte - Ynskedee - Kampen - Losser - Oldenzaal - Olst-Wijhe - Ommen - Raalte - Rijssen-Holten - Staphorst - Stienwikerlân - Swartewetterlân - Swol (haadstêd) - Tubbergen - Twinterâne - Wierden
wizigje
Ynskedee
Stêd:
Ynskedee
Doarpen:
BoekeloGlanerbrugLonnekerUsselo
Buorskippen:
BroekheurneGoorseveldRutbeekTwekkelo (foar in part)
Wetter:
BoekelerbeekBroekheurnerbeekEschbeekGlanerbeekKristalbadRoombeekRutbeekTeesinkbeekTwintekanaalUsselerstroom
wizigje