Wytskouderibis

Ut Wikipedy
Wytskouderibis
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift pilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famylje wylpreagerfûgels (Threskiornithidae)
skaai ûnechte ibissen (Pseudibis)
soarte
Pseudibis davisoni
Oustalet, 1875
IUCN-status: krityk
ferspriedingsgebiet

     ferspriedingsgebiet.

De wytskouderibis (Pseudibils davisoni) is in fûgel út 'e famylje ibissen en leppelbekken (Teskiornithidae). De fûgel komt yn lytse gebieten fan Súdeast-Aazje foar en heart by ien fan 'e meast bedrige fûgels fan dat diel fan Aazje.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytskouderibis waard it earst yn 1875 troch Allan Octavian Hume beskreaun, dy't de fûgel as Geronticus davisoni ferneamde nei William Ruxton Davison, dy't fûgels foar him sammele. Fanwegen de oerienkomsten mei de Yndyske swarte ibis of readnekibis (Pseudibis papillosa) waarden dy twa ibissen yn itselde skaai set. Letter waard de wytskouderibis ek wol as in ûndersoarte dêrfan beskôge. Hjoed-de-dei wurdt de wytskouderibis as in aparte soarte behannele.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folwoeksen is 60 oant 85 sm lang. Mantsjes binne trochstrings wat grutter as wyfkes en hawwe wat langere snaffels. It fearrekleed fan 'e fûgel is brúnswart mei blauswarte glânzgjende wjukken en sturtfearren en in keale laaiswarte kop, dy't ek wol as blau of wyt wurdt omskreaun. De fûgel hat in opfallende halskraach dy't bestiet út in blauwite bân fan bleate hûd, dy't fan it kin nei de nekke breder breder wurdt.

De wytskouderibis hat de namme te tankjen oan 'e heldere, wite flek, dy't by guon fûgels op it boppeste diel fan 'e hals te sjen is. Yn 'e flecht is de fûgel ek te werkennen oan in wite flek op 'e wjuk, dy't oars allinne te sjen is as in tinne, wite streek. De wytskouderibis is morfologysk allyk oan 'e Yndyske swarte ibis , mar hat gjin read yn 'e nekke en is wat grutter, wat krêftiger fan bou en hat in langere nek en poaten. De sturt liket ek wat langer en is net lykas by de readnekibis rjocht, mar spriedt him nei ûnder ta út.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wytskouderibis hie foarhinne in folle gruttere fersprieding yn Yndo-Sina en op Borneo, mar yn 'e rin fan 'e 20e iuw is de fûgel in soad fan syn biotoop kwytrekke. Der binne in pear, fragmintearre gebieten oerbleaun. Om 2012 hinne wie yn Yndo-Sina allinne it suden fan Laos en fral Kambodja, dêr't yn 'e provinsje Ratanakiri noch in wichtich gebiet foar de fûgel leit, oerbleaun. Fierder libbet in lytser diel fan 'e populaasje op Borneo yn East-Kalimantan oan 'e bopperin fan 'e Mahakam. Yn oare dielen fan Yndo-Sina is de fûgel útstoarn. It biotoop bestiet út sompich lân oan rivieren mei reinwâld.

De fûgel op in Yndonezyske postsegel.

Oars as bygelyks de reuze-ibis liket de fûgel fan minsklike lânbouaktiviteiten te profitearjen en hy libbet dan ek tichterby de minsken en boud syn nêsten ek wol yn 'e buert fan rysfjilden. De fûgel hat fanwegen it fleis lêst fan streuperij, mar kommersjeel is de fûgel net fan belang.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oan 'e ein fan 'e 20e binne de oantallen fan 'e soarte bot efterút gien. De populaasje hat te lijen fan it ferdwinen fan bosken troch houtkap, it grutskalich drûchlizzen fan sompen om de grûn foar minsklike aktiviteiten te brûken en de gefolgen fan 'e troch El Niño feroarsake bosbrannen. Dat wurdt noch slimmer makke troch de jacht op folwoeksen fûgels, it leechheljen fan 'e nêsten om de piken en de aaien op te iten en de fersteuring fan 'e sliep- en nêstgebieten.

Op basis fan 'e seldsume waarnimmings út de lêste dessinia, de lytse populaasje en it fierdergeande ferlies oan biotoop, is de fûgel troch de IUCN as earnstich bedrige (krityk) klassifisearre. De wrâldpopulaasje bestiet neffens rûzing út likernôch 1000 fûgels (670 folwoeksen fûgels). Yn 2013 binne der yn hiel Kambodja 973 fûgels teld, wylst it Yndonezsyske diel rûsd waard op 30 oant 100 Fûgels.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:White-shouldered ibis (ferzje 3 maaie 2024)