Springe nei ynhâld

Wurchpeal

Ut Wikipedy
Wurchpeal yn it martelmuseum fan Freiburg im Breisgau
Terjochtstelling oan de garrote yn 1901, Bilibid-finzenis yn Manilla op de Filipinen

In wurchpeal, wjirchpeal of garrote (ek garotte, út it Spaansk: garrote vil = skandestôk) is in ynstrumint foar it útfieren fan de deastraf, wêrbyt't de feroardielde oan in peal fêstbûn wurdt.

Yn âldere útfierings lei de boal it slachtoffer fan efteren in lus om de hals, dy't dan stadichoan oandraaid waard sadat it slachtoffer wjirge waard. Letter waard de lus ferfongen troch in metalen halsbân, dy 't wie om it slachtoffer te fiksearjen. Dan waard de nekke fan de feroardielde troch in metaalskroef trochboarre, wêrnei't ornaris de dea folge.

Oant 1974 waarden ta de dea feroardielden yn Spanje troch de garrote útfierd. De twa lêste eksekutearden wienen Michael Welzel út de DDR en de Katalaanske anargist Salvador Puig Antich.