Oerlis:Frâns Faber

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

De feroaring op 10 maaie fan it plak fan it atelier yn/oan de Parregeaster Mar wie feroare troch FF sels. Syn reaksje: It is dus "Yn de Parregeastermar". Dizze mar is droechmakke om 1900 hinne en wy wenje der midden yn! en sa wurdt dat hjir ek neamd. Jo wenje hjir yn de Mar, net yn de polder. De polder is wer in stik lân hjir yn de buert. Dêr wenje de minsken yn de polder (sil wol earder droechmakke wêze). Lit ús it dan mar neame sa't it dêr sein wurdt.--Swarte Kees 11 maaie 2009, 19.57 (CEST)

Goed it befêstige te sjen troch ien dy't der sels wennet. At er wol, wie it fansels moai ek te witten hokfoar polder de minsken wenje dy't "yn 'e polder" wenje; it koe de Ferwâldster Polder wêze, mar hy sil grif better witte wêr at it is. Aliter 12 maaie 2009, 23.22 (CEST)