Springe nei ynhâld

Nene (rivier)

Ut Wikipedy
De Nene by Fotheringhay
De Nene yn Peterborough

De Nene is in 147 kilometer lange rivier yn it easten fan Ingelân, dy't troch Northamptonshire, Cambridgeshire, Lincolnshire en Norfolk streamt. De Nene is oer in lingte fan 142 km befarber, fan Northampton nei The Wash.


De rivier ûntspringt by Badby yn Northamptonshire. Hy rint earst troch fruchtber boulân en dan troch it yndustrylânskip fan Northampton, Wellingborough en Irthlingborough. Hy rint fierder troch de Hichten fan Cambridgeshire, de stêd Peterborough, troch Wisbech en Sutton Bridge yn Lincolnshire en mûnet dêrnei út yn de "The Wash" en de Noardsee.

De Nene ferbynt it Grand Union Canal mei de rivier de Grutte Ouse. De Nene is foar in grut part kanalisearre en hat sluzen. It útsprekken fan de namme Nene feroaret mei de rin fan de rivier. Dêr't er yn Northamptonshire meast 'nen' sein wurdt, feroaret dat yn de omkriten fan Peterborough yn 'neane' (sa as yn it Ingelske mean).