Jean-Martin Charcot

Ut Wikipedy
Jean-Martin Charcot yn it borduere unifoarm fan de Académie des sciences. Hy draacht syn Legioen fan Eare
Jean-Martin Charcot (1825 - 1893) yn in les mei in ferneamde hystearyske pasjinte, Blanche Wittmann, yn it Hôpital de la Salpêtrière.
Tekening fan Charcot fan in Parkisonpasjint, makke op in reis nei Marokko

Jean-Martin Charcot (Parys, 29 novimber 1825 - Morvan, 16 augustus 1893) wie in Franske arts dy't beskôge wurdt as ien fan de grûnlizzers fan de neurology.

Yn 't earstoan wie Charcot sikehûsarts mei niget oan senuwsyktes; hy makke it oannimlik dat multiple skleroaze en de sykte fan Parkinson ferskillende syktes wiene. Letter die er ek ûndersyk nei hystearje, dêr't er ûnder oaren hypnoaze foar tapaste. Sa waard Charcot nei syn dea fan ynfloed op de psychiatry en psycho-analyze. In protte fan Charcots kennis waard nammentlik oernommen troch syn studint Sigmund Freud. Ek Alfred Binet, Joseph Babinski en Georges Gilles de la Tourette studearren by Charcot.

Keunst yn it ûnderwiis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Charcot beskôge keunstich byldmateriaal fan grut belang foar it klinysk anatomysk ûnderrjocht. Hy brûkte faak foto's en tekeningen yn syn lessen en by lêzings, faak wienen dy makke troch himsels of troch syn studinten. Bûten it wurk om mocht Charcot ek graach tekenje.

Persoanlik[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

"Hy boaske oan in begoedige widdo, Madame Durvis, yn 1862 en krige twa bern, Jeanne en Jean-Baptiste. De lêste waard letter dokter en in ferneamd poalûndersiker".[1]

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sur les divers états nerveux déterminés par l'hypnotisation chez les hystériques, 1882
  • Leçons sur les maladies du système nerveux, 1885-1887
  • Mei Paul Richer, Les Démoniaques dans l'art, Delahaye et Lecrosnier, 1887
  • Mei Paul Richer, Les Difformes et les Malades dans l'art, Lecrosnier et Babé, 1889
  • La foi qui guérit, Félix Alcan, Paris, 1897 Tekst on line

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tan SY, Shigaki D., Jean-Martin Charcot (1825-1893): pathologist who shaped modern neurology yn Singapore Med J, maaie 2007 hjir