Groeiproses

Ut Wikipedy
Groeiproses
keunstwurk
Groeiproses
Groeiproses
bysûnderheden
jier 1973
keunstner Ids Willemsma
materiaal stiel
plak Ljouwert
lokaasje Lariksstrjitte/Abeelstrjitte

'Groeiproses' is in keunstwurk yn de Ljouwerter wyk Heechterp-Skieringen dat makke waard troch keunstner Ids Willemsma.

De skulptuer fan waarfêst stiel stiet op in fjildsje op de hoeke Lariksstrjitte/Abeelstrjitte. It wurk út 1973 bestiet út njoggen skean delsetten rjochthoekige foarmen. Se steane yn in oprinnende rige en wurde earst grutter en nei it middelste diel wer lytser. De beweging fan lyts nei grut ferwiist nei de bern dy’t dêr opgroeie.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: