Gerard de Jong

Ut Wikipedy

Gerard Marcel de Jong (Sint Anne, 8 maart 1979) is in Biltske meartalichheidskoördinator, sjoernalist en skriuwer út Ljouwert.

De Jong is hikke en tein op It Bilt mei it Biltsk as memmetaal. Hy wie tweintich jier haadredakteur fan de Bildtse Post en waard meartalichheidskoördinator foar de gemeente Waadhoeke. Gerard de Jong skriuwt yn it Biltsk en skriuwt om de wike in Biltske kollumn yn de Ljouwerter Krante. Boppedat is er bestjoerslid by de Stichting Nederlandse Dialecten (SND) en is er aktyf by dichterskollektyf ‘Rixt’.

Blau fan dagen, griis fan ônrust[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2017 wenne De Jong acht wike yn de Baskyske stêd Donostia/San Sebastián yn Spanje foar in literêr útwikselingsprojekt fan 'Oare Wurden / Other Words'. Doel fan dat projekt wie om in netwurk op te bouwen fan skriuwers yn lytse taal- of minderheidstaalgebieten. Neist Fryslân en it Baskelân, wiene ek Ierlân, Slovenië en Masedoanje belutsen yn dit projekt.

It útwikselingsprojekt late yn 2022 ta de earste roman Blau fan dagen, griis fan ônrust.[1] Ut it ’t Oare Wurden-projekt ûntstie ek syn essay Foetstappen in de klaai: Naar ’n nij bewustwezen foor de Bildtse taal fuortkomd.

Syn debútroman Blau fan dagen, griis fan ônrust wie de earste roman yn it Biltsk. Haadpersoan Sierd Lautenbag is in keunstkilder dy’t mei syn Biltske lânskippen de top berikt hat. Nei syn súksessen bedarret er op in dea spoar. De dea fan syn heit, dat er nea ferwurke hat, pleaget him dêrby hieltyd mear. At hy in unike kâns krijt om twa moanne yn Baskelân oan it wurk te gean, grypt hy dy as in rêdingsboei oan. Yn de folgjende syktocht komme syn relaasje en selsbyld op de helling te stean.

Meartalichheidskoördinator[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2021 is De Jong meartalichheidskoördinator yn de gemeente De Waadhoeke. Yn De Waadhoeke wurde fjouwer talen sprutsen: Biltsk, Frjentsjertersk, Nederlânsk en Frysk. As meartalichheidskoördinator moat De Jong dy talen ferbine en soargje foar bettere sichtberheid. Waadhoeke stribbet nei mear gebrûk fan it Frysk, Biltsk en Frjentsjertersk yn in gemeente en mienskip dêr't it fanselssprekkend is om dy talen neist- en trochinoar te brûken. De funksje waard ynsteld foar fjouwer jier en moat in sinjalearjende, stimulearjende en ferbinende rol spylje by besteande en ûntkymjende taalinisjativen. Dêrneist sil De Jong it taalfjild yn Waadhoeke fertsjintwurdigje en de belangen dêrfan behertigje yn it netwurk fan oerheden en provinsjale, lanlike of Europeeske taalorganisaasjes. Gemeente De Waadhoeke wurket dêroan yn nauwe gearwurking mei alderlei partners, mei dêrûnder Stichting Bildts Aigene, Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers, Afûk, Bibliotheken Noord Fryslân en it (basis)ûnderwiis (Taalplatform Waadhoeke). Der wurdt oansletten by de ambysjes fan de Provinsje Fryslân op it mêd fan taal. [2]

Europeesk Buro foar Lytse Talen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2024 waard De Jong keazen as nije foarsitter fan it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT). Hy folge dat jier ynterim-foarsitter Jelle Bangma op. [3] It EBLT soarget foar de promoasje en beskerming fan it Frysk en Nedersaksysk yn Nederlân en yn de Europeeske Uny.

Erkenning[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gerard de Jong wûn yn 2024 de Rink van der Veldepriis. Syn roman Blau fan dagen, griis fan ônrust is neffens de sjuery, besteande út Ans Wallinga, Ammerins Moss-de Boer en Douwe de Bildt, 'in benearjend en louterjend boek dat de lêzer neitinke lit oer identiteit, it plak dêr’t je opgroeie en it dilemma fan bliuwe of loslitte en fuortgean'.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: