De Grits

Ut Wikipedy

De Grits is in buorskip yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De Grits leit besuden Kûbaard. De Kûbaarder Feart rint lâns de buorskip.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De buorskip is op in terp ûntstien dy't yn de 16e iuw as Laerd foarkomt. Yn de 19e iuw lei dêr súdlik de pleats Klein Gretens. Yn de 20e iuw waard dy Klein Gietens neamd, mar dy namme ferdwûn ein jierren 50. De terp sels waard doe al oantsjut mei Grits en letter De Grits.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, De Grits
  • Kadaster Geo-Ynformaasje