Auwerk (Landkreis)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Auwerk (distrikt))
Lânkring Auwerk
wapen
Statistyk
Ynwennertal 192.072 (2022)[1]
Oerflak 1.287,35 km²
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Nedersaksen
Oar
Adres bestjoer Fischteichweg 7-13
26603 Auwerk
Koördinaten 53° 30' N 7° 22' E
Oprjochting 1977
Yndieling 24 gemeenten
Kenteken WST
NUTS-koade DE947
Kreiskaai 03 4 52
Webside landkreis-aurich.de

De Landkreis Auwerk is in lânkring yn it úterste noardwesten fan East-Fryslân yn de Dútske dielsteat Nedersaksen mei de toeristyske Waadeilannen Baltrum, Júst en Nordeneach. It grinzget (út it noarden wei mei de klok mei) oan de Noardsee, de lânkringen Wittmund en Lier en de Kreisfreie Stadt Emden.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch foar mear ynformaasje: Skiednis fan East-Fryslân
De hjoeddeistige lânkring Auwerk is foarme yn 1977 troch de gearfoeging fan 'e âlde lânkring Auwerk mei de lânkring Norden.

Bestjoerlike yndieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yndieling lânkring Auwerk neffens gemeenten.

Yn 2005 is yn hiel Nedersaksen in nije bestjoersstruktuur ynfierd. Dêrby is foar de gemeenten it ferskil tusken de stêden en de (frije) gemeenten ferfallen. Dy wurde no oantsjutten mei Einheitsgemeinden (ienheidsgemeenten). Sokke gemeenten fiere alle gemeentlike taken selsstannich út.

Yn 'e lânkring lizze ek twa Samtgemeinden, dy't tegearre foar meiïnoar 11 gemeenten in tal gemeentlike taken útfiere. In Samtgemeinde is in mienskiplike regeling foar in oantal gemeenten, dy't faak te lyts of te tinbefolke binne om alle gemeentlike taken goed oan te kinnen (fral finansjeel wie dat in probleem).

By de lânkring Auwerk heart ek in gemeentefrij gebiet, in ûnbewenne Waadeilân.

Gemeenten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ienheidsgemeenten
  1. Auwerk (stêd)
  2. Baltrum (eilân en gemeente)
  3. Dornum
  4. Großefehn (haadplak: Ostgroßefehn)
  5. Großheide
  6. Hinte
  7. Ihlow (haadplak: Ihlowerfehn)
  1. Júst (eilân en gemeente)
  2. Krummhörn (haadplak: Pewsum)
  3. Norden (stêd)
  4. Nordeneach (gemeente en eiland)
  5. Südbrookmerland (haadplak: Victorbur)
  6. Wiesmoor (stêd)


Samtgemeinden mei de dielnimmende gemeenten:

It haadplak fan in Samtgemeinde is markearre mei *
  1. Leezdorf
  2. Mariënhafe*
  3. Osteel
  4. Rechtsupweg
  5. Upgant-Schott
  6. Wirdum
  1. Berumbur
  2. Hage*
  3. Hagermarsch
  4. Halbemond
  5. Lütetsburg
Gemeentefrij gebiet

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gearstalling rie[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kreistag hat 58 keazen leden en in streekrjocht keazen foarsitter (Landrat).

Auwerk is tradisjoneel in SPD-bolwurk. Yn it ferline hie de partij hast altiten in absolute mearderheid yn 'e Kreistag, dy't de partij yn 2006 ferlear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Landesamt für Statistik, Niedersaksen, stân 31.12.2022

 
Nedersaksen
Flagge fan Nedersaksen
Landkreise

Aldenburch - Ammerland - Auwerk - Celle - Cuxhaven - Diepholz - Fryslân - Gifhorn - Goslar - Göttingen - Greefskip Bentheim - Hameln-Pyrmont - Regio Hannover - Harburg - Heidekreis - Helmstedt - Hildesheim - Holzminden - Iemslân - Kloppenburch - Lier - Lüchow-Dannenberg - Luneburch - Nienburg - Northeim - Osnabrück - Osterholz - Peine - Rotenburg - Schaumburg - Stade - Uelzen - Vechta - Verden - Wesermarsch - Wittmund - Wolfenbüttel

Kreisfreie Städte
Aldenburch - Breunswyk - Delmenhorst - Emden - Osnabrück - Salzgitter - Wilhelmshaven - Wolfsburg