Aki Kaurismäki

Ut Wikipedy
Aki Kaurismäki
regisseur en/of produsint
Aki Kaurismäki op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn 2017
Aki Kaurismäki op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Berlyn yn 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Finsk
berne 4 april 1957
berteplak Orimatilla
wurkpaad
wurksum as regisseur
senarioskriuwer
filmprodusint
jierren aktyf 1981-no

Aki Kaurismäki (Orimatilla, 4 april 1957) is in Finsk senarioskriuwer en filmregisseur.

Aki Kaurismäki (1990)

Syn styl is beynfloede troch regisseurs as Jean-Pierre Melville, Rainer Werner Fassbinder, Yasujiro Ozu en Robert Bresson. Krekt as hja fertrout er op lyts aktearjen en in ienfâldige sinematografyske styl om syn boadskip oan de sjoggers troch te jaan. Syn films hawwe in unike drûch-humoristyske kant dy 't besibbe is oan de humor yn de films fan Jim Jarmusch.

It grutste part fan Kaurismäki's wurk is situearre yn Helsinki, benammen Calamari Union, in film dy 't him foar in grut part ôfspilet yn de arbeiderswyk Kallio. Ek Kaurismäki's trilogy besteande út Shadows yn Paradise, Ariel en The Match Factory Girl spilet him yn Helsinki ôf. Dit is de Työläistrilogia.

Yn 1986 brocht er de film Rocky VI út mei dêryn de troch him betochte band Leningrad Cowboys. Dizze band is noch hieltyd aktyf en spile hjirnei yn noch in oantal fan syn films. Syn bekendste film is nei alle gedachten The Man Without a Past. Dizze film wûn de Grand Prix op it filmfestival fan Cannes yn 2002 en waard boppedat nominearre foar in Academy Award.

Filmografy as regisseur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koarte films[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rocky VI, 1986 (8 min)
  • Through the Wire, 1987 (6 min)
  • Rich Little Bitch, 1987 (6 min)
  • L.A. Woman, 1987 (5 min)
  • Those Were The Days, 1991 (5 min)
  • These Boots, 1992 (5 min)
  • Välittäjä, 1996 (4 min)

Dokumintêres[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Saimaa-ilmiö (Saimaa Gesture), 1981
  • Total Balalaika Show, 1994

Spylfilms[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rikos ja Rangaistus (Crime and Punishment), 1983
  • Calamari Union, 1985
  • Varjoja paratiisissa (Shadows in Paradise), 1986
  • Hamlet liikemaailmassa (Hamlet Goes Business), 1987
  • Ariel, 1988
  • Likaiset kädet (Les mains sales), 1989 (tv-film)
  • Leningrad Cowboys Go America, 1989
  • Tulitikkutehtaan tyttö (The Match Factory Girl), 1990
  • I Hired a Contract Killer, 1990
  • Boheemielämää (La Vie de Bohème), 1992
  • Pidä huivista kiinni, Tatjana (Take Care of Your Scarf, Tatiana), 1994
  • Leningrad Cowboys Meet Moses, 1994
  • Kauas pilvet karkaavat (Drifting Clouds), 1996
  • Juha, 1999
  • Mies vailla menneisyyttä (The Man Without a Past) (2002)
  • Laitakaupungin valot (|Lights in the Dusk) (2006)
  • Le Havre (2011)
  • Toivon tuolla puolen (The Other Side of Hope) (2017)
  • Kuolleet lehdet (Fallen Leaves) (2023)