Mermuth

Ut Wikipedy
Mermuth
Marijekapel
Marijekapel
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 236 (2022)[1]
Oerflak 4,92 km²
Befolkingsticht. 48 ynw./km²
Hichte 342 m
Oar
Postkoade 56283
Koördinaten 50° 10'N 7° 28'E
Offisjele webside
www.mermuth.de
Kaart
Mermuth (Rynlân-Palts)
Mermuth

Mermuth is in doarp yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

It plak is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein.

Geografyske lokaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mermuth leit op 'e eastlike Hunsrück oan 'e ein fan 'e Kreisstraße K 107. It gea stiet ek bekend as de Mûzelhunsrück en wurdt troch de benedenrin fan 'e Mûzel en de Boppe-Middenryn begrinzge. Mermuth leit op in heechflakte fan likernôch 350 m boppe seenivo op 'e râne fan 'e delling fan 'e linker kant fan 'e Ehrbach. Yn it doarpskgebiet leit de boarne fan in rivierke, dy't by de ruïne fan 'e Rauschenburg yn 'e Ehrbach mûnet.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katolike filiaalkapel oan 'e Kiefernweg is oan Marije wijd en ferfong yn 1770 in âldere kapel. Mermuth waard mei de ynfiering fan 'e reformaasje troch de Paltsgreven in lutherske gemeente, mar oan it begjin fan 'e 18e iuw hearde it plak wer by de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Oan 'e Tanneweg is in yntarsiamuseum (ynliswurk fan hout).

Rauschenburg.

Noardlik fan Mermuth leit boppe de Ehrbach yn 'e bosken op in berchrêch de Rauschenburg. De rots waard al yn it jier 1285 yn in oarkonde de 'Rusberg' neamd. Yn 1332 waard dêr yn opdracht fan aartsbiskop Boudewyn fan Trier (1331-1337) de Rauschenburg boud as tydlike boarch om de hearen fan 'e opstannige kastielen Ehrenburg, Schöneck en Waldeck te belegerjen. Dy hiene harren tsjin de polityk fan 'e biskop om rêst en oarder yn 'e krite te herstellen ferset. Ek it kastiel Eltz oan 'e oare kant fan 'e Mûzel hie him by de opstân oansletten, mar dêr waard in apart belegeringskastiel foar boud. Fanút Mermuth rint in paad nei de Rauschenburg. Fan 'e Ehrbach rint ek in paad nei de Rauschenburg, mar dat is steil.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: