Jannik Schümann

Ut Wikipedy
Jannik Schümann
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jannik Schümann
nasjonaliteit Dútsk
berne 22 july 1992
berteplak Hamburch
etnisiteit Dútsk
jierren aktyf 2003-
offisjele webside
Hiemside

Jannik Schümann (Hamburch, 22 july 1992) is in Dútske akteur.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schümann spile yn 'e âldens fan 9 jier de jonge Amadeus Mozart yn 'e musical Mozart op it poadium fan it Stage Theater Neue Flora yn Hamburch. Nei't er ûntdutsen waard, krige er aktearles en waard er útnoege foar lytse rollen yn tillefyzjeproduksjes. Letter waard Schümann bekend yn 'e Dútsktalige lannen troch de meiwurking oan in grut tal tillefyzjefilms en -searjes, musicals en harkspullen.

Yn 2003 wie Schümann foar it earst mei in gastrol yn 'e searje Die Rettungsflieger op 'e tillefyzje te sjen. Yn 2009 spile er Max yn 'e jongereinsearje Die Pfefferkörner en yn 2010 yn 'e Australyske jongereinsearje A gURLs wURLd.

Hy krige in breder publyk troch syn meiwurking yn 'e bekroande tillefyzjefilm Homevideo, in film oer cybernarjen. Yn itselde jier hie Schümann mei in byrol yn it drama Barbara syn bioskoopdebút. De Amerikaansk-Britsk-Dútske dramafilm The Aftermath gie yn 2019 yn premjêre, dêr't er de rol fan Albert yn spile. Yn itselde jier spile er yn it twadde seizoen fan 'e ynternasjonaal bekend searje Charité oer it ferneamde Berlynske sikehûs mei deselde namme.

Yn 2020 wurke er as Aiden mei de haadrolspylster Milla Jovovich yn 'e troch Paul W.S. Anderson regisearre aksje-fantasijefilm Monster Hunter. Schümann hie yn 2021 de rol fan Frâns Joazef I fan Eastenryk yn 'e histoaryske dramasearje Sisi.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
2009 WinneToons - Die Legende vom Schatz im Silbersee Bobby stim
2012 Barbara Mario
2013 Spieltrieb Alev El Quamar
2015 Taxi Manfred
2015 Jesus Cries Lazarus
2016 LenaLove Tim
2016 Die Mitte der Welt Nicholas
2017 Jugend ohne Gott Titus
2017 Submergence Paul
2017 Hogh Society Albrecht von Schlacht
2019 The Aftermath Albert
2019 Rate Your Date Akteur
2019 Dem Horizont so nah Danny
2019 Deine Farbe Karl
2020 Monster Hunter Aiden
2024 Chantal im Märchenland Prins Bechtold
tillefyzje
2007-2018 Tatort Louis Grein / Konstantin Auerbach / Felix Freiberg 3 ôfleveringen
2009 Die Pfefferkörner Max 4 ôfleveringen
2010-2011 A gURLs wURLd Nicholas 11 ôfleveringen
2011 Homevideo Henry tillefyzjefilm
2012 Mittlere Reife Tim Seifert tillefyzjefilm
2013 Die Erfinderbraut Tommy Freisinger tillefyzjefilm
2014 Die drei Federn Gustav tillefyzjefilm
2015 Die kalte Wahrheit Thomas tillefyzjefilm
2015 Mein Sohn Helen Finn Wilke / Helen Wilke tillefyzjefilm
2016 The Midwife 2 Anton tillefyzjefilm
2016-2020 Die Diplomatin Nikolaus Tanz 5 ôfleverings
2019 Charité Otto Marquardt 2e seizoen, 6 ôfleverings
2019 Tage des letzten Schnees Lutz Wegner tillefyzjefilm
2020 9 Tage wach Eric Stehfest tillefyzjefilm
2021 Tribes of Europa Dewiat 5 ôfleverings
2021 Westwall Nick Limbach 2 ôfleverings
2021 Sisi Frâns Joazef I fan Eastenryk 18 ôfleverings
2024 Disko 76 Robert 6 ôfleverings

Oars[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Schümann is hikke en tein yn Hamburch. Jannik Schümann libbet hjoed-de-dei mei syn freon Felix Kruck yn Berlyn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: