International Security Assistance Force
Appearance
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/f/f8/Isaf_1.jpg/200px-Isaf_1.jpg)
De International Security Assistance Force ek wol ISAF is in gearwurkingsferbân fan militêre NAFO ienheden yn Afganistan. ISAF sette yn 2001 útein yn Kabûl en stiet sûnt 5 oktober 2006 noed foar hiel Afganistan. ISAF hat ta doel foar feiligens te krewearjen foar presidint Hamid Karzai.
Gearstalling ISAF[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Der binne 37 lannen dy't meidogge oan de NAFO-missy (febrewaris 2007). Meiïnoar binne der likernôch 35.000 militêren. It haadkertier fan ISAF is yn 'e haadstêd Kabûl. Der binne fiif regionale kommando's
Regio kommando | Under NAFO befel sûnt | |
---|---|---|
1 | Sintraal | 2001 |
2 | Noard | 2004 |
3 | West | 2005 |
4 | Súd | 1 augustus 2006 |
5 | East | 5 oktober 2006 |