Springe nei ynhâld

Tornado

Ut Wikipedy
Tornado
Tornado út de 5e kategory (oarspronklik 4e) sjoen fanút it súdeasten by it berikken fan it doarpke Elie yn de Kanadeeske provinsje Manitoba op freed 22 juny 2007.
Loft om tornado

In tornado (etymology: Spaansk, grif assimilaasje fan tronada = tongerbuoi, en tornar = draaie) is in warlwyn mei tigge grutte wynsnelheden oant inkele hûnderten kilometers it oere en in diameter fan inkele tsientallen meters oant in pear kilometer, dy't meastal sichtber is trochdat wetterdamp kondinsearret yn de warl of trochdat materiaal fan it ierdoerflak optild wurdt.

In tornado ûntstiet ûnder in sterke fertikale loftstream nei boppen ta yn in buoiewolk. De rotaasje kin ûndeerdiel wêze fan in rotaasje fan de heule buoi, dy't yn dat gefal dan supersel neamd wurdt. De rotaasje fan in supersel wurdt in mesosykloan neamd. Dêrneist kinne ek tornado's foarkomme dy't net mei in rotaasje fan de heule buoi gearhingje, of by buoiewolkens dy't net yn harren gehiel rotaerje. Yn it lêste gefal binne se faak net sa krêftich en wurde se faak wynhoas neamd.

De krêftichste tornado's komme foar by superselbuoien. Dizze buoien hawwe in rotearjende stiichstream en foarmje har meastentiids as de wynsnelheid yn de atmosfear sterk tanimt mei de hichte. Betingst foar it ûntstean fan dizze — en oare fûle — tongerbuoien is dat de temperatuer sterk ôfnimt mei de hichte, wylst der by it ierdoerflak fochtige loft oanwêzich is, loft dy't in soad wetterdamp befet. As de wetterdamp yn de stiichstream fan de buoi kondinsearret ta wetterdrippen, komt waarmte frij dy't derfoar soarget dat de stiichstream waarmer bliuwt as syn omjouwing en dêrtroch yn stân bliuwt. Waarme loft set út en stiicht op troch de opwertse krêft.

De rotaasje om in fertikale as yn in supersel ûntstiet troch it kanteljen fan de rotaasje (of krekter: fortisiteit) om in horizontale as, dy't oanwêzich is yn in streaming wêryn't de wynsnelheid mei de hichte feroaret. Dat ferklearret wêrom't foar de sterkste tornado's dy't mei supersellen gearhingje, hieltiten in sterke feroaring fan de wynsnelheid mei de hichte oanwêzich is.

Tornado's komme relatyf faak foar yn it sintrale diel fan de Feriene Steaten, gemiddeld sa'n tûzen yn it jier. De measte binne net sterk, mar sommige wol. It gebiet dat wol Tornado Alley neamd wurdt, fan midden-Texas oant it easten fan Nebraska en Iowa hat der it measte mei te krijen, benammen yn de moannen april, maaie en juny.

Fochtige waarme loft streamt út de Golf fan Mexico wei nei it noarden ta en skoot oer de Tornado Alley ûnder in loftlaach kommend út Mexico en de Rocky Mountains, wêryn't de temperatuer sterk ôfnimt mei de hichte. Sa wurdt oan de twa kondysjes foar sterke tongerbuoien foldien. Dêrby komt, dat der in súdlike wyn waait, wêrfan de snelheid flak boppe it ierdoerflak sterk tanimt mei de hichte. Dit wurdt in low level jet neamd. Op sa'n 5 kilometer hichte waait dêrby in sterke westlike wyn. Dit romjen fan de wyn mei de hichte levert in ekstra bydrage ta it ûntstean fan rotaasje yn de eventuele buoien dy't ûntstean.

It is faak mooglik om gebieten wêryn tornado's foarkomme sille in oantal dagen oant oeren foarôf oan te wizen. It krekte plak en tiid binne lykwols net te foarsizzen.

Minsken dy't meastal foar de kick om tornado's en/of swiere tongerbuoien sykje wurde tornadojagers of stormchasers (meast yn de Feriene Steaten) neamd. Guon tornadojagers binne wittenskippers dy't mjittings dwaan wolle fan temperatuer, druk en loftfochtichheid yn de direkte omjouwing fan in tornado, en de tornado mei in radar scanne. Hjirmei hoopje se it ûntstean fan tornado's, dêr't noch in soad ûndúdlik oer is, better te begripen.

Tornado's yn Nederlân

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
A home damaged by an F3 tornado in Forney, Texas

Yn Nederlân komme sa no en dan ek tornado's foar, mar faak binne it swakke tornado's, dy't meastal windhoazen neamd wurde. In inkele kear berikt ek yn Nederlân in wynhoas de krêft fan in sterke (Amerikaanske) tornado, lykas op:

  • 10 augustus 1925 yn Borculo, sjoch: stoarmramp fan 1925.
  • 1 juny 1927 by Neede (F4).[1]
  • 23 augustus 1950 op de Feluwe. Dizze tornado hie in spoar fan 46 kilometer lingte en feroarsake in soad skea oan de pleatslike bosken. Der foelen gjin slachtoffers.[2]
  • 27 maart 1966 yn Winterswyk, it Winterswykse Feestgebou oan de Haitsma Mulierwei waard ferwoaste. Ek yn de omjouwing fan it Feestgebou rjochte de wynhoas in soad skea oan. Oan de Wilhelminastrjitte, de Groenlosewei en Morgenzonweg waaiden dakken hielendal of gedieltlik fuort, lykas it dak fan de kantine fan fuotbalferiening WVC.
  • 6 oktober 1981 - Op dizze dei kamen 18 minsken om, doe't in fleantúch op wei fan Rotterdam Airport nei Hamburg yn de buert fan Moerdijk yn in tornado fleach (fleantúchûngelok Moerdijk). Alle 17 ynsittenden en ien persoan op de grûn kamen om it libben.

In histoaryske tornado dêr't de spoaren oant hjoed de dei fan te sjen binne is de tornado dy't yn de simmerstoarm fan 1 augustus 1674 de Dom fan Utert trof. It middenskip fan de tsjerke stoarte yn en sûnttiids stiet de Domtoer los fan de tsjerke. De brokstikken bleaunen noch lang lizzen, mar nei oprêden hjirfan is dat plak it Domplein oanlein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tornado's nader verklaard, KNMY
  2. Een eeuw windhozen, KNMY