Zillah (Washington)
Zillah | ||
Bestjoer | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Washington. | |
County | Yakima County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2964 (2010) | |
Oerflak | 4,61 km² | |
Befolkingsticht. | 642,9 / km² | |
Hichte | 250 m | |
Oar | ||
Stifting | 1891 | |
Tiidsône | Pacific (PST) UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Offisjele webside | ||
www.cityofzillah.us |
Zillah is in plak (city) yn Yakima County yn de steat Washington, Feriene Steaten en hat neffens de folkstelling fan 2010 in ynwennertal fan 2946.
It plak leit oan de Yntersteat Rykswei (Interstate) 82 dat besuden Zillah lâns rint. It leit sa'n 24 km súdeastlik fan Yakima.
It plak wie stifte yn 1891 troch Walter Granger, haad fan Washington Irrigation Company, nei it dien meitsjen fan it Sunnyside Kanaal om it drûge lân yn 'e Yakima Fallei tebewetterjen. It doarp wie ferneamd nei frou Zillah Oakes, dochter fan Thomas Fletcher Oakes, haad fan it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway), dy't it yrrigaasjeprojekt stipe. Walter Granger hie it haadkantoar fan it bewetteringsbedriuw yn Zillah, wat in ekonomysk foardiel foar doarp betsjutte en sette himsels dêr nei wenjen. Op 5 jannewaris 1911 waard Zillah in gemeente.
Rûn Zillah binne der ferskate fruithôven, lykas apels, kjersen en drúven. Ek binne der in stikmannich wynhôven dy't ek iepen stean foar rûnliedings en wyn priuwerijen.