Yakima (Washington)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Yakima (stêd))
Yakima
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Yakima County
Boargemaster Micah Cawley (2013)
Sifers
Ynwennertal 91.067 (2010)
Oerflak 71,72 km²
Befolkingsticht. 1293,6 / km²
Hichte 325 m
Oar
Stifting 1884
Postkoade 98901, 98902, 98903, 98904, 98907, 98908, 98909
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten
Offisjele webside
[1]

Yakima (útsprutsen: Jækɨmɔ of Jækɨmə) is in stêd yn de steat Washington. It plak leit sa'n lytse 100 km fan Mount Rainier. It is de haadstêd fan Yakima County en is de achtste stêd neffens grutte yn Washington. Neffens de folkstelling fan 2010 hie de stêd 91.067 ynwenners. It stêdsgewest (metropolitan) hie 243.231 ynwenners. It ynwennertal fan 2012 fan de stêd wurdt rûsd op 93.101. De gemeentefrije plakken West Valley en Terrace Heights hearre bij Grutter Yakima, dochs net by de stêd. Yakima leit yn de Yakima Fallei oan de rivier de Yakima. De Yakima Fallei hat in ryk ferskaat oan lânbou, benammen wyn, hop en apels. De Yakima Fallei produsearret 77% fan alle hop produsearre yn de Feriene Steaten.

De namme Yakima is ôflaat fan de Jakama -Yndianen.

Yakima sjoen fanôf Lookout Point.


Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Yakama wiene de earste bewenners yn de Yakima Fallei. Yn 1805 kaam de Ekspedysje fan Lewis en Clark hjir yn de omkriten, doe ûntdutsen waard dat de grûn hjir tige frjochtber wie, brocht letter in yntocht fan nije bewenners. In katolike missy waard oprjochte yn Ahtanum, justjes súdwestlik fan hjoeddedeisk Yakima yn 1847. Troch it grutter wurdende tal nije bewenners yn de Yakima Fallei ûntstie der spul mei de Yakama en de Yakima Kriich ûntstie yn 1855. It Amerikaanke leger boude dêrom Fort Simcoe tichteby yn 1856. De Yakama waarden ferslein en twongen yn in reservaat te wenjen, wat no besuden de stêd leit. Yn 1865 waard Yakima County foarme. Yn 1883 waard Yakima City stifte op it plak wêr't de súdlike buorstêd Union Gap no leit. Doe yn 1884 it Noard Pasifysk Spoar (Northern Pacific Railway) it spoar oanlei, mar gie Yakima City foarby, doe waarden 100 hûzen op rôlers oanlutsen troch hynders 5km noardlik ferhûze op it plak wêr it stasjontsje en de oplachskuorre fan it Spoar stie. Hjir waard it stedsje Noard Yakima (North Yakima) stifte en waard in gemeente op 27 jannewaris 1886 en waard ek as haadstêd fan de county útropt. Yn 1918 waard de namme Yakima en it eardere plak waard Union Gap.

Op 2 oktober 2006 baarnde in warehûs mei 10.000 balen hops ôf, wat lykstie mei 4% fan de totale hopproduksje yn de FS.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yakima, Washington sjoen fanút it westen.

Yakima leit yn de Upper Yakima Valley, it hegere part fan de fallei. De Ahtanum en Rattlesnake heuvelriges skiede de Upper en Lower Valley. De hegere fallei is tichter befolkt. De stêden Union Gap en Selah lizze fuort besuden en benoarden Yakima. De gemeentefrije plakken West Valley en Terrace Heights lizze fuort bewesten en eastlik fan de stêd en dizze fjouwer plakken foarmje mei de stêd Grutter Yakima, mei in ynwennertal fan sa'n 123.000.

Troch de fallei streamt de Yakima Rivier, dy't by de stêd lâns rint. De rivier soarget foar bewettering foar it drûge lân yn de fallei. It klimaat hjir is drûch, mei in gemiddeld jierlikse wetterdelfal fan 209 mm.

Befolking[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yakima hie yn 2010 in ynwennertal fan 91.067 en de rûsde ynwennertal fan 2012 is 92.512. Yn 1890 hie it 1535 minsken. It gemiddelde hûshâld ynkomsten is $39.706. 21.3% libbet ûnder de earmoedegrins. De befolkingstichtens is 1293,6 /km² en der binne 34.829 wentes yn de stêd. Der wennen 33.074 hûshâldings wêrby 33,2% mei bern ûnder de 18 jier. 28,3% wie ûnder de 18 jier en 13,1% wie 65 jier en âlder. De trochsneed âldens wie 33,9 jier. De befolking bestie út 50,7% froulju en 49,3% manlju. Der wenje 67,1 % blanken, 1,7% swarten, 2 % yndianen, 1.5 % Aziaten, 0,3% Pasifyske eilanners en 23,3 % fan oare rassen. Etnysk wenje der 41,3 % Hispanic of Latinos.

Kultuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Capitol Theatre

Yakima hat in ryk oanbod fan kultuer. Der binne kulturele aktiviteiten it hiele jier rûn.

  • Yakima Valley Museum, is in tentoanstelling fan de regionale kultuer en skiednis
  • Capitol Theatre is in teater yn it sintrum
  • Seasons Performance Hall en Allied Arts Center, wêr ferskate toaniel en muzikale foarstellings plak fine.
  • Larson Gallerij yn it Yakima Mienskips Kolleezje, wêr elts jier ferskate keunstwurken tentoansteld binne.
  • Yakima Symfony Orkest
  • Yakima Arboretum, wêr ferskate beammen en planten út de omkriten te sjen binne.

Festiviteiten binne ûnder oaren:

  • Mid Washington Steat Merke (Central Washington State Fair) elts jier yn septimber
  • Yakima Folklife Festival, hâlden op Twadde wike yn july
  • Fresh Hop Ale Festival, hâlden eltse oktober yn it sintrum
  • Jierliks Aldjiersjûnfeest op Millennium Plaza foar it Capitol Theatre gebou yn it sintrum

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Rykswei 12 fanút it westen fan White Pass ôf
  • Rykswei 97 fanút it noarden en it suden
  • Rykswei Yntersteat 82 dy by de stêd lâns rint fan Ellensburg nei Richland.

De stêd hat in iepenbier bus tsjinst (Yakima Transit) dy't ferskate busrûtes troch de stêd en njonkenlizzende plakken hat.

Der is ek in fleanfjild McAllister Field dy't deistich rjochtstreekse fljochten hat nei Seattle mei benammen Alaska Airlines. Ek is it fleanfjild it thús foar testfljochten fan Boeing.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ekonomy fan Yakima hinget it measte fan de lanbou yn de omkriten ôf. Yn de stêd binne ferwurkjende fabriken fan de produkten dy yn de Yakima Fallei waakse, lykas apels, perziken, parren, drúven, kjersen, hops, mais, beannen en pipers. De hops wurde brûkt foar it meitsjen fan bier. In soad minsken dy't yn de stêd wenje, wurkje yn de lânbou en de ferwurkjende yndustry. Der is in lytse bierbrouwerij yn it sintrum.

De wynbou is ek tige wichtich foar de ekonomy. Der binne mear as 50 wynhôven yn de Yakima Fallei, dy't meiïnoar in oerflak fan 45 km² omfiemje. It rike grûn yn de Yakima Fallei kin ferlike wurde mei Frankryk en is goed foar wynbou.

It winkeloanbod is grut en betsjinnet it grutste part fan it midden en suden fan Washington. It winkelsintrum wie foarhinne yn it sintrum, mar is ferhûze nei it buorplak Union Gap. Dêr is in nij winkelsintrum mei grutte winkel- en supermerken ûntjûn. It sintrum is stikmannich kearen feroare en op dit stuit is men dwaande om it hiele sintrum te renovearjen en meitsje dat it mear minsken oanlûkt.

Der binne ferskate iepenbiere legere skoallen, 5 iepenbiere skoallen foar it fuortset ûnderwiis en sa'n 10 privee skoallen. Der binne 3 skoallen foar ferfoalch opliedings lykas:

  • Yakima Fallei Mienskips Kolleezje (Yakima Valley Community College), ien fan de âldste mienskips kolleezjes yn de steat. Dit is in algemiene oplieding en men kin ferskate rjochtings út
  • Perry Technical Institute, dizze oplieding is ornearre foar technysk mêd
  • Pacific Northwest University of Medical Sciences, ornearre foar medysk mêd

Nijsgjirrichheden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

St. Paul Katedraal

Yakima is ek it sit fan it Yakima Aartsbisdom, dat it hiele suden en midden fan Washington omfiemet.

Media[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De regionale krante dy't deistich ferskynt is de Yakima Herald-Republic. Yakima hat 6 lokale tillefyzje stjoerders, measte filialen fan de lânlike stjoerders ABC, CBS, FOX, NBC en PBS en ien Spaansktalige stjoerder. Ek binne der ferskate radio stjoerders, lykas nijspraat, rock, pop, country en in pear Spaansktalige.

Bekende eardere en hjoeddeiske bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Oleta Adams, bekend sjongster
  • Kyle MacLachlan, akteur
  • Phil Mahre, medalje winner skyen Olimpyske Spullen
  • Steve Mahre, medalje winner skyen Olimpyske Spullen
  • Christopher Wiehl, akteur
  • Lis Wiehl, abbekaat en sjoernalist foar Fox News

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Bibliography en Further Reading, op dizze side.