Www.goedfrysk.nl

Ut Wikipedy

De foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging, Jaap van der Bij, hat ornearre by in riedsgearkomste dat it Frysk tichter by de minsken komme moat. De hiemside fan goedfrysk is der de earste oanset fan.

Minsken kinne teksten opstjoere dêr’t se net hielendal wis fan binne oft se alles goed skreaun ha. De teksten wurde fertroulik behannele en neisjoen. Dêrnei wurde se ferbettere weromstjoerd.

De teksten dy’t neisjoen wurde binne hiel ferskillend: Fan bertekaartsjes oant gedichtsjes mar ek stikken foar doarpskranten. Alles is wolkom.


Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]