Wittenskiplike revolúsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Replika van teleskoop fan Isaac Newton. De teleskoop wie sa'n nije technyk.

De wittenskiplike revolúsje is in perioade yn de skiednis fan de wittenskip wêryn klassyk-religieuze ideeën plakmakken foar modern-wittenskiplike ideeën. Yn de wittenskiplike revolúsje waard it aksint yn de wittenskip ferskood nei waarnimmings en empirisme. Der kamen nije ynsichten yn de natuerkunde, wiskunde, stjerrekunde, skiekunde en biology. Hjirtroch ûntstie in nij wittenskiplik wrâldbyld. It idee dat om 1600 in wichtige omwinteling yn de wittenskip barde kaam op yn de 18e ieu. De earste dy't de namme wittenskiplike revolúsje brûkte wie Alexandre Koyré yn 1939.

De geast fan fernijing en it feroarjende minskbyld is werom te fieren op it Renêssânse-humanisme, al dienen de humanisten net sels oan wittenskiplik eksperiminteel ûndersyk of waarnimmings fan de natoer. Ieuwen lang wie folstien mei it trochjaan fan de ferwurvenheden fan de wittenskip út de Klassike Aldheid. Yn de astronomy waard fan generaasje op generaasje it model fan Ptolemaeus trochjûn, mei de ierde yn de midden fan it hielal. Copernicus syn waarnimmings fan it himelferwulf fan op de tsjerke yn Frauenburg (± 1520) brochten him ta de konklúzje dat alle planeten om de sinne draaiden. Yn 1629 levere Galileo Galilei mei help fan de earste stjerrekiker hjir it bewiis foar. Troch de bloei fan de astronomy waarden wer oare wittenskippen stimulearre dy't nedich wienen foar har ûntwikkeling, benammen natuerkunde (lykas de optika), mar benammen de wiskunde dy't de samle astronomyske gegevens ynterpretearje en kwantifisearje moast. Dizze fernijde ynsichten krigen in grutte ynfloed op hoe't de minsk himsels en syn plak yn de wrâld beskôgjen gie. De nije astronomyske ûntdekkings laten ta de gearkomst fan de Royal Society yn it Gresham College yn Londen op 28 april 1686. Yn deselde perioade waard ek de anatomy basearre op waarnimmings. Ek hjir hie men him ieuwenlang basearre op de Romeinen, benammen op Galenus. Yn 1543 ûntdekte de Belch Andreas Vesalius dy't him basearre op eigen ûndersyk, dat in soad fan de oerlevere kennis ferkeard wie. Yn 1628 beskreau William Harvey de bloedsomrin.

De perioade wêryn de revolúsje him ôfspile leit net fêst ôfbeakene. It begjin fan dizze revolúsje wurdt faak lein yn 1543, it jier dat én Copernicus syn de revolutionibus orbium coelestium (oer de bewegingen fan de himelsfearen) as Vesalius’ de humani corporis fabrica (oer de gearstalling fan it minsklik lichem) publisearre waarden, mar sommige historisy sjogge al eleminten fan de wittenskiplike revolúsje werom yn de 14e ieu. De ein derfan wurdt meastentiids lein by ûntdekkingen yn de skiekunde en biology n de 18e en 19e ieu. [1]

Krityske historisy as Norman Mailer yn Europe, A History, beklamje dat de wittenskiplike revolúsje gjin hommelse brek betsjut mei hearskjende opfettings. It tiidrek fan Copernicus, Bacon en Newton wie likegoed noch it tiidrek fan algemisten, astrologen en magiërs. [2] Yllustratyf hjirfoar is it feit dat Isaac Newton likefolle tiid bestege oan de stúdzje fan algemy en astrology as oan de stúdzje fan de wittenskippen.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Westfall, R.S. (1977): The construction of modern science, Cambridge;
  • Jacob, M.C. (1988): The culturul meaning of the scientific revolution, New York;
  • Crombie, A.C. (1994): Styles of scientific thinking in European tradition, Londen;
  • Shapin, S. (1996): The scientific revolution, Chicago;
  • Cohen, F. (2008): De herschepping van de wereld. Het ontstaan van de moderne natuurwetenschap verklaard, Bert Bakker, Amsterdam.

  1. (in) Herbert Butterfield, The Origins of Modern Science, 1300-1800.
  2. Norman Mailer: Europe, A History; p. 507: Renaissance and reformations en Keith Thomas: 'De ondergang van de Magische wereld' oer de taflecht dy't de minsken út de 16e en 17e ieu sochten ta magyske krêften.