Wisties

Ut Wikipedy

Wisties (inkeltal: Wistie) binne in fiktyf ras fan semy-yntelliginte bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise, dy't yntrodusearre waarden yn 'e tillefyzjefilm Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984). Hja komme fan 'e moanne Endor. It binne lytse, humanoïde wêzentsjes fan likernôch 10 sm heech, mei in oranje hûd dy't by nacht in fel ljocht útsmyt. Wisties wurde dêrom ek wol it "fjoerfolk" neamd, of "fjoerelfkes". It wichtichste ferskil kwa lichemsfoarm tusken minsken en Wisties, ôfsjoen fan 'e grutte, is dat Wisties mar trije fingers oan eltse hân en trije teannen oan eltse foet hawwe.

Wisties libje yn 'e wâlden fan Endor, krektlyk as de Ewoks, de wichtichste soarte fan bûtenierdske wêzens op 'e moanne. It binne fûleindige ferdigeners fan harren territoarium, wêrby't se der net foar tebekskrilje om wêzens oan te fallen dy't hûnderten kearen sa grut binne as sysels. Wisties binne gauris bûnsgenoaten fan 'e Ewoks. Dyselden drage yn gefjochten mei ynkringers soms pûden mei hiele swaarmen Wisties deryn by har, dy't se dan in fijân nei de holle smite. As de pûde it doel rekket, komme de Wisties foar 't ljocht, dy't de fijân oanfalle. Hoewol't se lyts binne, kinne se kwetsbere plakken lykas eagen en earen bot skea tabringe. Ek liede se fijân ôf troch dyselde om 'e holle hinne te gûnzjen, sadat de Ewoks oanfalle kinne.

Nei de oername fan Lucasfilm troch Disney yn 2012 waard Caravan of Courage, lykas in protte iere Star Wars-spin-offs, út 'e Star Wars-kanon skrast. Wisties waarden lykwols yn 'e kanon reyntrodusearre yn it fideospultsje Star Wars: Battlefront II (2018), wêryn't ek de gearwurking tusken Ewoks en Wisties yn gefjochtssitewaasjes fêstlein waard.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa