William B. Eerdmans

Ut Wikipedy

William Bernard Eerdmans, berne as Wiltje Eerdmans (Boalsert, 4 novimber 1882Grand Rapids, april 1966) wie in Nederlânsk-Amerikaansk útjouwer fan Frysk komôf bekend fan de William B. Eerdmans Publishing Company.

Wiltje Eerdmans wie in soan fan Dirkje Pars en tekstylfabrikant Bernardus Dirk Eerdmans. Yn 1902 emigrearre er nei de Feriene Steaten en festige er him yn Grand Rapids, Michigan, in sintrum fan 19e-iuwske Nederlânske ymmigranten en Kalvinisme. Hy studearre noch in skoft oan it Calvin Theological Seminary, mar waard dochs gjin dûmny.
Yn 1911 rjochte Eerdmans yn 'e mande mei Brant Sevensma de boekhannel Eerdmans-Sevensma op, dy't spesjalisearre wie yn teologyske hânboeken. Yn 1915 gie Sevensma fuort en bleau Eerdmans as iennichste eigener oer fan it ta William B. Eerdmans Publishing Company omneamde bedriuw. Sa'n 20 jier wie Eerdmans it iennige bedriuw dat de merk foar religieuze boeken mei in kalvinistyske oriïntaasje betsjinne.

Eerdmans joech boeken út fan skriuwers lykas C.S. Lewis, Karl Barth, Richard J. Neuhaus, Nicholas Wolterstorff, Richard Mouw, Martin Marty, Rowan Williams, Joan Chittister, Dorothy Day, Mark Noll en in protte oaren ek.

Nei syn ferstjerren yn 1966, waard de útjouwerij fuortset troch syn soan William B. Eerdmans Jr..

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: