Wikipedy:Wikipedia ferbetterje

Ut Wikipedy

Siden yn de Wikipedy binne as libbene dingen: se wurde berne (as stobben) en waakse, as de omstannichheden goed binne út tot goed-skreaune, begryplike siden. Yn tsjinstelling ta libbene dingen hawwe siden in ûneinige libbensferwachting (behalven siden dy't net gaadlik binne, om't dy rillegau wiske wurde).

Dizze side jout de ferskillende stadiums yn it libben fan in side oan, en dêrnêst steane der hjir ferskate manieren om siden in stadium waakse te litten. Fansels is it oerslaan fan stadiums net ferbean, it wurdt sels oanmoedige! Ek is der gjin hurde streek tusken de stadiums. Mar dizze rûge skieding biedt jo help om in idee te krijen oer hoe siden fan de Wikipedy waakse.

Unbeskreaune side[boarne bewurkje]

Eltse side begjint mei in idee yn de geast fan in meidogger. Jo kinne siden oanmeitse oer wêr jo ek mar yn ynteressearre binne, as se mar yn de Wikipedy hearre. As jo in keppeling sjogge lykas dizze, oer eat wat jo belangstelling hat, meitse der dan een side oer!. Ear't jo begjinne, is it miskien goed de gids foar nije siden troch te lêzen.

Goede manieren om ûnbeskreaune siden te finen binne:

As jo gjin tiid hawwe om in folsleine side te skriuwen, begjin dan earst mei in stobbe. Stobben binne frij koarte siden, meastal net mear as ien paragraaf. Dizze siden binne de lilke eintjes fan de Wikipedy, mar as jo dy lytse muoite nimme, kinne dy letter utgroeie ta prachtige swannen.

Goede manieren om stobben te fine:

Side ûnder ûntwikkeling[boarne bewurkje]

As in stobbe ynkear echte ynhâld krijt, dan wurdt it in echte side. De measte siden binne yn dat stadium. Der steane grif noch flaters yn, en der soe ek noch mear by kinne, dat jo wurde útnûge en pas de side oan. Op dy manier wurdt de side stadichoan better.

Sike side[boarne bewurkje]

It kin foarkomme dat in side ûnder ûntwikkeling (of sels in goede of geweldige side) siik wurdt: twa as mear meidoggers kinne it net iens wurde of hawwe muoite om ta in kompromis te komme. Dizze siden hawwe ekstra "oantinken" nedich fan tuskenpersoanen dy't ree binne om te helpen om ta konsensus te kommen.

As jo der foar kieze om as tuskenpersoan op te treden, hâldt dan altyd de Wikikette yn de efterholle. Bliuw rêstich as it er waarm oan ta giet. As jo as meidogger yn de boppesteande situaasje komme te stean, reitsje net yn panyk. As der in bittere feroar-oarloch ûntstiet, freegje dan in behearder om de side te skoatteljen, en freegje in pear neutrale Wikipedianen om te middeljen yn it konflikt.

Goede side[boarne bewurkje]

In goede side hat ien of mear meidoggers dy't er op brând binne de kwaliteit fan dy side te ferbeterjen. Guon Wikipedianen "adoptearje" in pear siden, dy't se dan oan harren folchlisten tafoegje. Dy siden wurkje se dan hieltyd by. Let op: as in side troch in Wikipediaan "adoptearre" is, en dy side soe jo oandacht lûke, dan is der gjin reden werom jo dy side net ek "adoptearje" soene. As twa meidoggers gearwurkje oan ien side, dan sil dy him trije kear sa hurd ûntwikkelje.

Geweldige side[boarne bewurkje]

As in side kear op kear troch ferskate Wikipedianen neilêzen is, en op it lêst alle skerpe kantsjes der ôfskaafd binne, dan kin in goede side in geweldige side wurde. Jo werkenne in geweldige side, op it stuit dat jo dy besjogge. Stadichoan komt sa'n side ta perfeksje; poets it safolle op as jo kinne.

Fierder as dat kin in side op de Fryske Wikipedy noch net waakse. De Fryske Wikipedy hat noch net in soad geweldige siden. Mar op gruttere Wikipedyen wurdt eltse dei in side dy't mear as geweldich is brûkt as in Side fan de Dei. Op dy manier sjocht it publyk de beste siden fan Wikipedia.